25. Utstel fan nammejouwing oan in
mei yngong fan 1 augustus 1985 te
foarmjen iepenbiere basisskoal-
le te Grou.
GEMEENTE BOARNSTERHIM
Oan'e gemeenterie.
Grou, 7 juny 1985.
Yn in oan ús kolleezje rjochte en foar jimme by de riedsstikken
op besjen lizzend skriuwen, stelt it personiel, de âlderrie en
de meikediezingsrie fan de Hjerre Gjerritskoalle (iepenbiere legere
skoalle) en de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle (iepenbiere beuker-
skoalle), hokker skoallen mei yngong fan 1 augustus 1985 in iepenbiere
basisskoalle yn Grou foarmje sille, út dizze nije skoalle "Dokter
Eeltsje Halbertsmaskoalle" te neamen. Derby geane hja derfan út,
dat it winslik is, dat der ien namme foar dizze skoalle komt.
Dizze nammejouwing wurdt asfolget taljochte:
1. Hjerre Gjerrits van der Veen wie master yn Grou, mar hat hjir
mar in blaumoandei west. Hy wie in dichter. Dokter Eeltjse Hal-
bertsma hat as Frysk skriuwer en dokter mear mei Grou te meitsjen.
Histoarsyk besjoen hat it in gruttere wearde om syn namme oan
in skoalle te behâlden.
2. Wat minder telt, mar wat tige lestich is, is dat de namme fan
Hjerre Gjerrits telefoanysk hast net trocht te jaan is.
Nei oanlieding fan dizze brief, diele wy jimme mei, dat de rie
fan de eardere gemeente Idaarderadiel op 1 juny 1950 besletten hat in
nij skoalgebou foar iepenbier gewoan leger ûnderwiis te Grou te
bouwen oan'e doetiidske Neskerdyk (no Mr. P.J. Troelstrawei
It gebou fan'e besteande iepenbiere legere skoalle oan'e Parkstrjitte
it plak fan it hjoeddeiske postkantoar, wie te lyts wurden om alle
skoalbern yn Grou ûnderdak te jaan. In goed jier letter, op 20
augustus 1951, waard in nij skoalgebou iepene. Ferdield oer twa
gebouwen waard op dizze wize ien grutte iepenbiere legere skoalle
yn Grou foarme.
Troch de groei fan it oantal skoalbern ûntstie yn'e rin fan de
jierren in frijwat ûnbefredigjende en ünoersichtlike situaasje.
Om hjir ferbettering yn te bringen -mei yngong fan 1 septimber
1956 moast rekken hâlden wurde mei 400 learlingen- stelle boargemaster
en wethâlders fan Idaarderadiel op 22 desimber 1955 de rie út de
iepenbiere legere skoalle yn Grou yn twa skoallen te splitsen.
Nei oanlieding hjirfan beslút de rie yngeande 1 juny 1956 twa iepen
biere legere skoallen te Grou te foarmjen.
In lyts healjier letter komme boargemaster en wethâlders mei in
wiidweidich útstel om de niisneamde skoallen elts in namme te jaan.
Oerienkomstich it útstel beslút de rie op 7 maaie 1956 de skoalle
oan'e Parkstrjitte de namme fan "Master Wielsmaskoalle" te jaan
en dy oan'e Neskerdyk fan "Hjerre Gjerritskoalle". Yn 1963 is de
âld skoalle yn'e Buorren assadanich bûten gebrûk steld, en krigen
de bern ünderdak yn'e nije "Master Wielsmaskoalle" tichteby de
"Hjerre Gjerritskoalle".