25. Utstel fan nammejouwing oan in mei yngong fan 1 augustus 1985 te foarmjen iepenbiere basisskoal- le te Grou. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan'e gemeenterie. Grou, 7 juny 1985. Yn in oan ús kolleezje rjochte en foar jimme by de riedsstikken op besjen lizzend skriuwen, stelt it personiel, de âlderrie en de meikediezingsrie fan de Hjerre Gjerritskoalle (iepenbiere legere skoalle) en de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle (iepenbiere beuker- skoalle), hokker skoallen mei yngong fan 1 augustus 1985 in iepenbiere basisskoalle yn Grou foarmje sille, út dizze nije skoalle "Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle" te neamen. Derby geane hja derfan út, dat it winslik is, dat der ien namme foar dizze skoalle komt. Dizze nammejouwing wurdt asfolget taljochte: 1. Hjerre Gjerrits van der Veen wie master yn Grou, mar hat hjir mar in blaumoandei west. Hy wie in dichter. Dokter Eeltjse Hal- bertsma hat as Frysk skriuwer en dokter mear mei Grou te meitsjen. Histoarsyk besjoen hat it in gruttere wearde om syn namme oan in skoalle te behâlden. 2. Wat minder telt, mar wat tige lestich is, is dat de namme fan Hjerre Gjerrits telefoanysk hast net trocht te jaan is. Nei oanlieding fan dizze brief, diele wy jimme mei, dat de rie fan de eardere gemeente Idaarderadiel op 1 juny 1950 besletten hat in nij skoalgebou foar iepenbier gewoan leger ûnderwiis te Grou te bouwen oan'e doetiidske Neskerdyk (no Mr. P.J. Troelstrawei It gebou fan'e besteande iepenbiere legere skoalle oan'e Parkstrjitte it plak fan it hjoeddeiske postkantoar, wie te lyts wurden om alle skoalbern yn Grou ûnderdak te jaan. In goed jier letter, op 20 augustus 1951, waard in nij skoalgebou iepene. Ferdield oer twa gebouwen waard op dizze wize ien grutte iepenbiere legere skoalle yn Grou foarme. Troch de groei fan it oantal skoalbern ûntstie yn'e rin fan de jierren in frijwat ûnbefredigjende en ünoersichtlike situaasje. Om hjir ferbettering yn te bringen -mei yngong fan 1 septimber 1956 moast rekken hâlden wurde mei 400 learlingen- stelle boargemaster en wethâlders fan Idaarderadiel op 22 desimber 1955 de rie út de iepenbiere legere skoalle yn Grou yn twa skoallen te splitsen. Nei oanlieding hjirfan beslút de rie yngeande 1 juny 1956 twa iepen biere legere skoallen te Grou te foarmjen. In lyts healjier letter komme boargemaster en wethâlders mei in wiidweidich útstel om de niisneamde skoallen elts in namme te jaan. Oerienkomstich it útstel beslút de rie op 7 maaie 1956 de skoalle oan'e Parkstrjitte de namme fan "Master Wielsmaskoalle" te jaan en dy oan'e Neskerdyk fan "Hjerre Gjerritskoalle". Yn 1963 is de âld skoalle yn'e Buorren assadanich bûten gebrûk steld, en krigen de bern ünderdak yn'e nije "Master Wielsmaskoalle" tichteby de "Hjerre Gjerritskoalle".

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 79