- 3 - Punt 17 De heer De Wolf vindt het hartverwarmend dat er zo'n grote stroom reacties t/m 27: gekomen is op de motie over de gastarieven. Hij vraagt het college hoe daar verder mee gewerkt zal worden. De hear Terra freget him ek of hoe11 it no fierder gean sil. Wethouder Poppen zegt dat er in het Vegin-overleg van Noord Nederland geprobeerd zal worden tot een gezamenlijk standpunt te komen. Verder is er overleg met gedeputeerde Van der Horst die probeert voor het noorden aangepaste maatregelen te bereiken. De resultaten van die besprekingen zullen te zijner tijd in de afdeling aan de orde komen. Punt 33: De hear Van der Baan seit dat by it útstel dat syn fraksje jün docht der fan út gien wurdt dat it doel: de mindervalide minsken út harren isolemint helje, op dizze wize better te berikken is. It probleem fan de yntegraasje is in algemien probleem en net op himsels steand. Dêrfandinne dat hy pleitet foar in algemiene oanpak foar de hiele gemeente. Mei de oplossing fan de problemen fan de praktyske tagonklikens fan gebouwen, de brükberens fan dy gebouwen en de berikberens wurdt op dit stuit in begjin makke. Dat bestiet út in ynventarisaasje yn de ûnder- skate doarpen. Op himsels is soks faaks net ferkeard, mar sprekker is bang dat op sa'n wize de totale yntegraasje gjin stal krije sil. De knyppunten dyt de yntegraasje behinderje binne net allegearre saken dy't de gemeente allinne oplosse moatDer binne tal fan saken dy't in advysgroep seis oplosse kin en dy't de totale yntegraasje wiermeitsje kin. In advysgroep dy't foar in part út handikapten bestean sil, soe ta taak ü.o. krije kinne de valide minsken te wizen op de swierrichheden dy't de handikapten Gnder- fine om't de sûne minske faak net troch hat wer't de problemen foar de handikapten lizze. Problemen as bglit oerhingjen fan tûken oer de stoepen, it hinderlik delsetten fan fytsen op dy stoepen, it pleatsen fan rekken troch de winkel- Iju yn'e winkelstrjitten, de tagonklikens fan winkels, hotels, restau rants ensfh. Ynearsten soe dy advysgroep foarljochting jaan kinne yn alle doarpen fan de gemeente. In betüfte advysgroep soe mei help fan de besteande handikaptenorganisaasjes de wei wize kinne om de subsydzjes binnen te heljen. Fia kranten, skoallen, ferienings ensfh. soe dy groep ek in dúdlike foarljochtsjende taak hawwe moatte. It útfieren fan dy tariedende taken soe it wurkgebiet fan in gemeentlike advysgroep wêze kinne en sprekker pleitet dêrom foar stipe oan dit útstel. De pleatslike groepen kinne as ynspraakgroepen fungearjen bliuwe by de ynventarisaasje en it oplossen fan de pleatslike knyppunten. De gemeentlike advysgroep soe in ynformative en oanfoljende taak krije foar de pleatslike groepen. Der mei net ünderskat wurde dat de problemen by de ferskillende groepen fan handikapten tige útinoar rinne en dêrom tige kompleks lizze. Sprekker freget dêrfandinne nochris: stel in saak- kundige advysgroep yn foar de hiele gemeente. It is yn it belang fan sa'n 1500 ynwenners fan Boarnsterhim. Mefrou Aukes seit dat der no hast al twa jier sein wurdt dat der oan in ynventarisaasje wurke wurdt, mar dat der noch hyltyd gjin resultaten binne. Allinnich al dêrom soe it miskien goed wêze om in advysgroep gear te stallen. Wol is it doel fan it kolleezje om mei in útstel oer it gear- stallen fan in groep te kommen foar de -emansipaasje fan de frou. Har fraksje fynt de emansipaasje fan handikapte minsken op syn minst sa wichtich. Froulju kinne oeral komme en handikapten net en hja freget dêrom om dizze advysgroep wol gear te stallen. Mefrou Bloem is bliid dat der al oan in handikaptenbelied wurke wurdt. De oanpak per doarp sprekt har tige oan. De Qnderfinings dy't yn it iene doarp opdien wurde, kinne by de oanpak fan it folgjende doarp wer brûkt

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 7