- 2 - Op 21 juny 1958 beslút de rie fan it eardere Idaarderadiel in nije beukerskoalle te bouwen op in terrein flak efter de Hjerre Gjerrit skoalle. Fia in ideëenbus wurdt oan dizze skoalle troch de rie op 9 oktober 1959 de namme "Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle" jûn. Nei oanlieding fan it boppesteande diele wy jimme mei, dat wy der yn meigean kinne, om oan'e nije iepenbiere basisskoalle ien namme te jaan as utering fan de yntegraasjegedachteDerby wol it personiel, de âlderrie en de meikediezingsrie fan de beide skoallen de namme fan Hjerre Gjerrits falie litte en dy fan Dokter Eeltsje Halbertsma skoalle hanthavenje, net allinne omdat Dokter Eeltsje Halbertsma as ferneamd Frysk skriuwer en dichter- ûnder oare oer jeugdoantinkens en it bernelibben- en as dokter te Grou (1820-1858) histoarysk sjoen fan mear bets jutting is as Hjerre Gjerrits van der Veen, dy't as skriuwer en dichter (Gnder oare rymkes, ferskes en in les boekje foar de bern) en master mar in beheind tal jierren yn Grou (1833-1842) west hat, mar ek om't de skriuwwize fan syn namme by in grut tal minsken nochal wat betizing jout, sa't út'e praktyk bliken docht. Hoewol't it spitich is, dat op dizze wize de namme "Hjerre Gjerritskoalle" ferfalt, kinne wy ús -no't in kar dien wurde moat- ferienigje mei it yn neamde brief delleine foarstel. Foar neiere bisûnderheden oer it wurk en it libben fan sawol dokter Eeltsje Halbertsma as fan Hjerre Gjerrits van der Veen, ferwize wy jimme nei beskriuwingen, dy't by de riedsstikken foar jimme op besjen lizze. Derby treffe jimme ek oan de hjirfoar oanhelle riedsútstellen en úttreksels fan de oantekeningen fan de oanbelang- jende riedsgearkomsten. Gearfetsjend stelle wy jimme út om oan'e mei yngong fan 1 augustus 1985 út de Hjerre Gjerritskoalle en de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoal le te foarmjen iepenbiere basisskoalle te Grou de namme fan "Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle" te jaan en dêrta it beslút te nimmen, wêrfan it üntwerp by de riedsstikken op besjen leit. Burgemeester en wethouders der gemeente Boarnsterhim, de secretaris, de burgemeester, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 80