27. Utstel om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar it oanskaffen fan twa Fryske flaggen troch de Master Wielsmaskoalle en It Roefke te GEMEENTEBOARNSTERHIM Grou. Oan de gemeenterie. Grou, 7 juny 1985. Yn in foar jimme by de riedsstikken op besjen lizzende brief freget it haad fan de Master Wielsmaskoalle (iepenbiere legere skoalle), mei út namme fan de haadliedster fan It Roefke (iepenbiere beuker- skoalle), beide te Grou, om in ekstra kredyt foar it oantugen fan twa Fryske flaggen (150 by 225 sentimeter). Dizze flaggen binne net op dizze skoallen oanwêzich en kostje 176, it stik. It muoit neamde skoallen tige, dat hja by typyske Grouster barrens de Fryske flagge net útstekke kinne. Hjirby wurdt wezen op it Sint Piterfeest en de Grouster merke. It is yndied sa, dat op sokke dagen in protte ynwenners fan Grou de Fryske flagge útstekke. Nei oanlieaing fan in aksje fan de Feriening Foar Folksfermaken te Grou (F.F.F.) in pear jier tebek, ha in bulte minsken in flagge- faken in Fryske flagge- oanskaft, dy't ope merkedagen, mar ek by gelegenheid fan it Sint Piterfeest en mooglik oare eveneminten oan'e gevel fan harren wenten pronket en sa'n doarpsbarren in ekstra feestiik oansjen jout. Yn it ramt fan dizze Qntjouwing is it nei ús betinken begryplik, dat de skoallen harren hjirby oanpasse wolle. Boppedat binne wy fan betinken, dat by dit soarte fan eveneminten de Fryske flagge it eins better docht as de nasjonale flagge. Mei it each ope posysje, dy't in skoalle yn it doarpsfermidden ynnimt, stelle wy jimme út in ekstra kredyt fan folslein 352, beskikber te stellen, foar it oanskaffen fan twa Fryske flaggen foar de Master Wielsmaskoalle en It Roefke te Grou, en dêrta in beslút te nimmen wêrfan it konsept foar jimme by de riedsstikken op besjen leit. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B .G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 84