- 4 - wurde. Ek wurdt sa te foaren kaam dat der yn ien kear tefolle problemen los komme. Dêrom hat har fraksje net folie ferlet fan it ynstellen fan in advysgroep sa't de hear Van der Baan dy útstelt. Hja wit út eigen ûnderfining yn de sûnensoarch dat der in protte groepen binne dy't dwaande binne mei foarljochting oer de swierrichheden fan han— dikapten yn it deistich libben. It liket har ta dat de gemeente him beheine moat ta dy saken dêr't hy rjochtstreeks mei te krijen hat. Har fraksje is it dêrom iens mei it útstel fan it kolleezje. Wethâlder Van Gorkum seit dat der yntusken wol wat dien is, mar dat der no in ferfolch op komme moat. Dêr moatte de mooglikheden wol ta wêze. Fierder is der yn de Sfdieling bepraat hoet dizze problematyk oanpakt wurde soe. Hy tinkt dat in kommisje neat oplosse sil, om't it giet om de amtlike ferwurking fan ynformaasje. Dêr moat tiid foar wêze. Uteinlik giet it om it oplossen fan praktyske problemen. Yn de âlde gemeenten is ek wol besocht omtinken te jaan oan dy problemen, mar der wie net in útsprutsen belied. It doel is om dat no wol per doarp op te setten. Der sil dan ek praat wurde mei de handikapten dy't yn sa'n doarp wenje. De earste opset fan it F.N.P.-ütstel wie neffens sprekker, dat dy advys groep in soarte fan kontrolearjende funksje krije soe en no leit de hear Van der Baan de klam op de foarl jochting. Hy fynt it net needsaaklik dat der sa'n groep komt om't de kontakten mei de doarpen sünder sa'n advysgroep ek wol ta stân komme. Fierder sil de útfiering fan de oplossings ek net troch in advysgroep makliker makke wurde. De hear Van der Baan seit dat it oplossen fan de technyske swierrichheden net los sjoen wurde kin fan de mentaliteitskwestjeDe problemen kinne wol per doarp oplost wurde sa't it kolleezje fan doel is, mar de minsken moatte each krije foar de swierrichheden troch foarljochting. Dêr kin wol mei begûn wurde yn de hiele gemeente. Yn de doarpen hat men dan stipe by it sykjen fan de knyppunten. Dy advysgroep wurket dus ynformearjend en oanfoljend op de groepen dy't per doarp gearstald wurde sille. Sprekker kin de foarl jochting net los sjen fan in totale oanpak. It is needsaaklik om de minsken dúdlik te meitsjen wat der him ôfspilet yn de handikapten- wrâld. Mefrou Bloem hat der gjin ferlet fan dat der no nochris in advysgroep by komt, om't der op provinsjaal mêd al genôch dien wurdt oan foarljochting oer dizze saken. Hja fynt de oanpak per doarp in tige goed idee. De hear Stallinga fernuveret him der oer dat dy ynventarisaasje al twa jier oan de gong is. It liket him ta dat de problematyk per doarp net sa bot ferskille sil. Fierder is de fierdere útfiering in kwestje ^fan jild. Yndertiid is sein dat dit probleem oanpakt wurde moast en dêrom is hy fan betinken dat de útfiering net op it jild hingjen bliuwe mei. Der moat dan ek sa gau mooglik in jildlik plaatsje komme sadat hjirmei fierder gien wurde kin. Wethâlder Van Gorkum seit dat der noch gjin twa jier oan dy ynventarisaasje wurke is. De gemeente bestiet ommers noch net iens sa lang. Fierder sit de útfiering yndied fêst op it jild. As de ried dy jildlike konsekwinsjes sjen wol dan sil dat op in rychje set wurde en komt it yn in folgjende gearkomste wol wer oan de oarder. Dat stiet wol alhiel los fan it yn stellen fan in advysgroep dêr't it no om giet. Mevrouw Aukes denkt dat het niet een kwestie van geld is, maar van het stellen van prioriteiten. Zij vindt de aanpak van dit probleem heel belang rijk.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 8