- 10 - It kolleezje wie fan betinken dat in plak efter de brêge in reedlik alternatyf wêze soe, mar út de reaksjes hat harren ek wol bliken dien dat de hierders der oars oer tochten. De oare lokaasjes dy't no as ferfanging oanjûn binne kinne alle 40 hierders opheine. It binne betelbere plakken en oan iepen wetter en dêrom wol in goed alternatyf. It liket him ek wol goed ta dat de rûnfeartboaten oanlisplak yn it doarp krije of ope kop op de stegers oanlizze, sadat der san'n 16 a 18 plakken iepen komme foar de fêste hierders. Sprekker mist yn de wurden fan mefrou Aukes dat ried en kolleezje tegearre ferantwurdlik binne. It kolleezje jout yn de ôfdielings- gearkomsten ynformaasje oer it belied dat op dat stuit ütfierd wurdt. As dat dan yn in earste gearkomste bepraat wurdt en yn de twadde krijt men in ôfskrift fan in ferstjoerd brief dan moat men net sizze dat dat in foldongen feit is. Wol is sprekker ree om ta te jaan dat yn dizze saak de konsekwinsjes foar de fêste hierders net goed besjoen binne. Dan moat der net in be- skuldigjende finger nei ien kant opheven wurde, want de gemeente is der foar de boargers en dêr is eltsenien it oer iens. It giet him dan ek te fier dat der sein wurdt dat der efter de skerms wurke wurdt. Oer de foarljochting seit sprekker dat de measte reaksjes kaam binne op artikels dy't net goed wiene. De fraach is dan oft sokke publikaasjes tsjin sprutsen wurde moatte. It liket him in goede saak dat der yn it kolleezje ris yn algemiene sin oer soks praat wurdt. De opdracht foar it meitsjen fan in besteksklear plan is jûn, om't der in subsydzje-oanfraach makke wurde moast. De gemeente moat dat plan betel je en as de ried dat net goedkart dan soe dat haadlik omslein wurde kinne oer de kolleezjeleden. By de stikken lei in besteksklear plan op bes jen mei derby alle technyske ynformaasje oer de konstruksje. It giet fierder om in beheind plan: de stegers oan de Pikmar en alternatieve plakken foar de fêste hierders, hoewol de sifers net oanjouwe dat it om in beheind plan giet. It kolleezje hat gjin neier Gndersyk dien om't de oerheid wol ree wie op grûn fan it al oanwêzige C.I.M.K.-rapport subsydzje te jaan. Der is de ôfrûne fiif jier net folie útjûn oan it ûnderhâld fan de stegers. Dat giet net om tsientûzenen gûnen. Sprekker fynt dat de tip om by dit plan ek it bedriuw fan Tasma te belûken, wol wat oan de lette kant komt. Om no te sizzen dat dit plan moog- like takomstige plannen dwersbongelt, liket sprekker net just, om't dit dan net in totaal belied is, mar dochs om sa'n hundert oanlisplakken giet. De ferfangende lisplakken kinne yn prinsipe kostendekkend wêze, as dy op in net al te djoer plak realisearre wurde kinne. Hjir- oer sil yn de folgjende gearkomste noch in útstel komme, mar it like it kolleezje better dat der earst in prinsipe-útspraak fan de ried kaam. Der is moarntejûn ek in êfdielingsgearkomste wêryn dizze saak nochris bepraat wurde sil, mar dan oer de technyske punten. Yn dy gearkomste kinne alle technyske saken nochris bepraat wurde. De minsken fan it ingenieursburody't it plan opsteld hawwe, sille dêr ek oanwêzich wêze. Ek it probleem fan de rûnfeartboten kin dêr nochris oan de oarder komme. Om't foar de oanlis fan rûnfeartboaten wat steviger stegers nedich binne as foar gewoane passanten, binne de eigners fan rûnfeartboaten ek útnoege om moarntejün de gearkomste by te wenjen en as hja dat nedich fine, harren winsken kenber te meitsjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 14