- 12 -
De hear Van der Baan seit dat der yn it earste oerlis mei de
hierders sifers op tafel lein binne, dy't net tsjinsprutsen
binne en wêrfan men net sizze kin dat dy net klopje. De wethâlder
distânsjearret him fan publikaasje yn de krante, mar dêryn wurde
de wurden fan amtners letterlik oanhelle. Fierder is der ek
in berjocht foar Radio Fryslân west en sprekker nimt net oan
dat men der mei in "stand-in" wurket. Jild foar it fernijen fan de
stegers soe komme kinne út it jild dat de hierders alle jierren yn-
bringe (sa'n f 25.000, en it jild dat de passanten alle jierren
ynbringe (ek sa'n 25.000, It fernijen hoecht net yn ien
kear, dat soe yn fasen kinne, want alle goede dingen komme stadich.
Sprekker stelt dêrom ek út om op dizze wize de lisplakken te realisearjen.
De hear Bouma freget oft it ek mooglik is om de gearkomste foar
in skoftsje te ferskowen sadat alle partijen kennis nimme kinne
fan de útstellen fan it C.D.A. Dy lykje him tige nijsgjirrich.
Mefrouw Watzema stelt út dat it kolleezje dit útstel werom nimt
en dat moarntejün yn de technyske gearkomste alle mooglikheden
besjoen wurde en as it needsaklik is, dat de ried yn in bûten-
gewoane gearkomste in beslút hjiroer nimt.
De heer De Wolf vindt dat de vragen over het algemeen onbevredigend
beantwoord zijn. Op zijn vraag over vervangende ligplaatsen
had hij graag een concreet aantal willen horen. Spreker vindt
dit een technisch ingewikkelde kwestie die ook emotioneel ge
voelig ligt. Hij sluit zich daarom aan bij het voorstel van
mevrouw Watzema om na het technisch overleg een besluit te nemen.
De vaste ligplaatsen zijn kostendekkend en spreker vraagt zich
af of het dan niet mogelijk is om de bestaande vaste ligplaatsen
te handhaven en het totaal aantal plaatsen uit te breiden, zodat
er toch meer passantenplaatsen gecreëerd worden. Wat betreft
de golfhinder denkt spreker dat het goed zou zijn dat de water-
politie meer let op de snelheid waarmee vrachtboten in het
"Deutschlandkanaal" de Pikmar oversteken. Hij vraagt of de voor
zitter in dezen bevoegd is om dat te vragen.
De voorzitter antwoordt dat dit niet over de openbare orde gaat
en hij daar dus geen bevoegdheden heeft.
Hierna schorst hij om 21.30 uur de vergadering voor nader overleg.
De voorzitter heropent de vergadering om 21.45 uur en geeft
het woord aan wethouder Van Gorkum.
Wethâlder Van Gorkum seit dat de sifers dy't troch de hierders
op tafel lein binne net troch it kolleezje tsjinsprutsen binne,
om't der gjin tiid wie om in stekproeve te hâlden, om te sjen
oft dy sifers al as net goed wiene. Fierder wurdt it jild fan
de hieropbringsten, dat de hear Van der Baan neamt, al bestege
yn de begrutting. Dy jilden wurde brükt foar ûnderhâld en foar
de toiletfoarsjenningsAs dy jilden frij makke wurde soene,
soe dat op kosten fan oare foarsjennings gean en dat is it doel
net. Fierder tinkt hy dat in better tafersjoch fan de wetter-
polysje allinnich, net genôch wêze sil om de weagen te dempen.
Alle mooglike konstruksjes sille besjoen wurde en de beste sil
dan útkeazen wurde.