9. Utstel ta it fêststellen fan njoggen tariedingsbesluten neffens kêst 21 fan de Wet op de Romtlike Oardening. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenterie. Grou, 10 septimber 1985. By ús binne ûnder mear yntsjinne de folgjende oanfragen om boufer- gunning foar it: 1. fernijen en útwreidzjen fan de garage op it perseel Griene Eker 10 yn Akkrum ta in garage/berging/wurkpleats 2. útwreidzjen fan de wente Parallelstraat 22 yn Grou. 3. bouwen fan in skuorre (foar agrarysk gebrûk) op it perseel Buorren 19 yn Roardhúzum; 4. bouwen fan in garage op it perseel Heechfinne 19 yn Akkrum; 5. bouwen fan in garage op it perseel Overijsselsestraatweg 10 yn Roardhúzum; 6. pleatsen fan twa container-bergingen oan de Meersweg yn Grou; 7. bouwen fan in carport/berging op it perseel De Foarplecht 2 yn Grou; 8. bouwen fan in garage en it meitsjen fan in kezyn by en yn it pân Rijksweg 200 yn Jirnsum. Op it bouplan ûnder 1 binne fan tapassing de foarskriften fan it bescimmingsplan "Kern Akkrum-Oost"Neffens de foarskriften foar bygebouwen mei it oerflak oan bygebouwen op dit perseel net mear wêze as maksimaal 30 m2 Nei útfiering fan it bouplan komt it totale oerflak op 42 m2 It bouplan is dus net mei it bestimmingsplan yn oerienstimming en formeel moat de fergunning wegere wurde. Om't it bouplan lykwols past yn de beboude omkriten en fierders de útwreiding foar de eigner tige wichtich is foar syn bedriuw (ridende winkel op it mêd fan wente-ynrjochting) -der is wat romte nedich foar it útfieren fan lytse karwijtsjes en foar de opslach fan wat ark- binne wy fan betinken, dat oan it bouplan wol meiwur- king ferliend wurde moat. Wy binne dêrom fan doel, de fergunning te ferlienentroch it folgjen fan in "kêst-19-prosedure" Op it bouplan ûnder 2 binne fan tapassing de foarskriften fan it bestimmingsplan "kom Grouw"It bouplan is net mei it breedte- foarskrift foar bygebouwen yn oerienstimming. Formeel kinne wy dan ek neat oars as de fergunning wegerje. Wy binne lykwols fan betinken dan it bouplan hielendal net slim is en seis yn oerienstimming te achtsjen is mei hjoeddeiske easken foar it goed bewenber hâlde fan besteande wenten yn ús doarpen. Wy binne dan ek fan doel om oan dit bouplan mei te wurkjen troch it folgjen fan in "kêst-19-prosedure"

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 42