- 2 -
Op it bouplan ûnder 3 binne fan tapassing de foarskriften fan
it bestimmingsplan "kern-Roordahuizum"
It bouplan foarsjocht yn de ôfbraak fan in besteande skuorre en
de bou fan in nije, gruttere skuorre (keallestâl en berging foar
boere-ark)
De bestimming fan it perseel is agrarysk. Ut dit eachwiid is der
gjin beswier tsjin it bouplan. It bebouwingsfoarskrift bepaalt
lykwols dat der net boud wurde mei bûten it op de plankaart fermelde
bebouwingsflak
No foarsjocht it bouplan yn de bou bûten dit bebouwingsflak. Der
is dus gjin oerienstimming mei it bestimmingsplan en formeel
moat de fergunning wegere wurde.
De besteande skuorre bestie lykwols al op it moment fan it foar
de earste kear op besjen lizzen fan it bestimmingsplan. Om't it
foarlizzende bouplan foarsjocht yn in gruttere útwreiding as 15%,
misse wy it foech om sûnder mear boufergunning te ferlienen.
Wy hawwe fierders gjin inkelde muoite mei it bouplan en wolle
dêroan meiwurking jaan troch it folgjen fan in "kêst-19-prosedure"
Op it bouplan Onder 4 binne fan tapassing de foarskriften fan
it bestimmingsplan "kern Akkrum-Oost"
It bouplan kloppet net mei de foarskriften foar bygebouwen foar
wat it plak en it oerflak oanbelanget. Der is dus gjin oerienstimming
mei it bestimmingsplan en formeel kinne wy gjin fergunning ferliene.
Okkerdeis hawwe wy foar gelykense garages by wenten fan de wente-
bouferiening meiwurking ferliend. Yn begjinsel hawwe wy gjin muoite
mei de bou fan sa'n soarte fan garage. Foar it perseel Heechfinne
19 hawwe wy muoite mei it pläc wêr't de garage boud wurde sil.
Wy hiene leaver sjoen dat de garage oan de gevel fan de wente
fêstboud wurde koe. Oerlis mei de eigner hat laad ta de konkluuzje,
dat dat net mooglik is. De wentebouferiening wol út soarchsúmens
foar it behâld fan har wenten gjin oanboude garages fan hierders
tastean. Wy hawwe begrip foar dat stânpunt lykas wy ek begrip
hawwe foar de winsk fan de oanfrager om in garage by hüs te hawwen.
No ek út in advys fan de kommisje Hüs en Hiem bliken docht dat
it bouplan op himsels as ek yn relaasje mei de beboude omkriten
akseptabel is, binne wy net fan doel om meiwurking te ûnthâlden
oan dit bouplan. Wy sille dërom ús beswier litte foar wat it is
en meiwurking ferliene troch it folgjen fan in "kêst-19-prosedure"
Op it bouplan Onder 5 binne fan tapassing de foarskriften fan it
bestimmingsplan "Uitbreidingsplan in Hoofdzaak"It perseel Over
ijsselsestraatweg 10 hat in agraryske bestimming. Bebouwing is
op dit perseel yn begjinsel net tastien, útsünderingen binne lykwols
beheind mooglik.
It bouplan foarsjocht yn it bouwen fan in garage by in wente en
is dus stridich mei it bestimmingsplan. Formeel kinne wy de fergunning
net ferliene.
De wente op dit perseel bestie lykwols al op it moment fan it
foar de earste kear op besjen lizzen fan it bestimmingsplan, sadat de
oergongsbepalingen fan tapassing binne.