- 3 -
Ek dizze tapassing is beheind, nammentlik ta it belang fan de
folkshúsfesting. De bou fan in garage kin amper beskôge wurde
as yn it belang fan de folkshúsfesting. It bouplan bliuwt dan
ek stridich mei it bestimmingsplan. Yn it takomstige bestimmingsplan
foar it bûtengebiet, sa't dit yn Ontwerp opsteld is yn Idaardera-
diel wurdt foar dit perseel de wenbestimming fêstlein.
Fierders hawwe wy begrip foar it feit, dat de oanfrager graach
it risiko fan auto-dieverij wol sjen foar te kommen (der is al
twa kear besocht syn auto te stellen) en ek foar it feit, dat hy
syn auto graach op eigen hiem hawwe wol.
Sjoen it boppesteande binne wy ree mei te wurkjen oan dit bouplan
troch it folgjen fan in "kêst-19-prosedure" en dêrmei foarút te
rinnen op de takomstige bestimming.
Op it bouplan Onder 6 binne fan tapassing de foarskriften fan
it bestimmingsplan "kom Grouw"It perseel wêrop dizze container
bergingen pleatst wurde, hat de bestimming "grien".
De bou fan de container-bergingen foar de wettersport/rekréaasje
is net mei dizze bestimming yn oerienstimming.
Wy binne lykwols fan betinken, dat it belang fan it op kreaze
wize stâlje kinne fan de containers by de gemeentlike stegers
yn de Pikmar grut genôch is om dêrfoar frijstelling te ferliene
fan it bestimmingsplan neffens kêst 19 fan de Wet op de Romtlike
Oardering. De foarskriften fan it bestimmingsplan "Grouw-Zuid
De Boeijer" binne fan tapassing op it bouplan numer 7. Op it perseel
De Foarplecht 2 mei neffens dizze foarskriften net mear oan bygebou
oprjochte wurde as 15% fan it oerflak fan it perseel en in elk
gefal net mear as 50 m2
It bouplan foarsjocht yn in útwreiding fan it oerflak ta 65 m
Der is dus gjin oerienstimming mei it bestimmingsplan en de fergunning
kin formeel net ferliend wurde.
Wy hawwe it bouplan lykwols ek yn'e fergeliking hawn mei de "regeling
erfbebouwing" (Ontwerp). It bouplan foldocht oan de noarmstelling
yn dizze regeling.
Sjoen dit léste binne wy fan doel dochs meiwurking oan dit bouplan
te ferlienentroch it folgjen fan in "kêst-19-prosedure"
Op it bouplan Onder 8 binne fan tapassing de foarskriften fan
it bestimmingsplan "Buitengebied" fan foarhinne Raerderhim. It
perseel Rijksweg 200 is bestimd foar agraryske doelen (I). Bebouwing
is op perselen mei dizze bestimming net tastean.
It giet hjir lykwols om in besteande wente yn it bûtengebiet.
Wy hawwe gjin muoite mei it bouplan en binne ree om dêroan meiwurking
te jaan troch it weinimmen fan de planologyske tûkelteammen -it
folgjen dus fan in "kêst-19-prosedure"
Hjonken dizze oanfragen om boufergunning hawwe wy ek Ontfongen
in oanfraach om tastimming as fergunning foar de oanlis fan in
parkearterrein by it hotel "De Oude Schouw" op it plak wêr't no
noch stiet de wente Oude Schouw 4.