RP1 17 Otstel begrutting te wizigjen foar útjefte reiskostenfergoeding beukers yn de eardere gemeente Raerderhim. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de ried. Grou, 6 septimber 1985. Troch de ried fan de eardere gemeente Raerderhim is by beslút fan 5 oktober 1976 in oardering fêststeld, sadat it mooglik waard om in gemeentlike bydrage yn de ferfierskosten foar beukers te jaan. Dizze regeling is nei 1 jannewaris 1984 net wizige, om't der fan útgien waard, dat mei de ynfiering fan de wet op it basisûnderwiis de hiele ferfierskostenregeling op'e nij besjoen wurde moast. Yn de begrutting fan 1985, is derom ek in útjefte foar ferfierskosten rusd, dy't basearre wie op de periode jannewaris oant augustus 1985. Utgongspunt wie, dat de regeling nei 1 augustus ferfalle soe. Fan dit stânpunt is doedestiids de ferfierskommisje fan Sibranda- buorren - de ienigste skoalle der't gebrûk makke waard fan de regeling - ek fan op de hichte steld. Om't de beukerûnderwiiswet gjin ferfiers- kosten-fergoedings regeling kende lyk as de leger ûnderwiiswet is de gemeentlike regeling doedestiids yn it libben roppen. Mei de ynfiering fan de WBU soe dit ûnderskied komme te ferfallen. Kêst 45 fan de wet op it basisûnderwiissa't oant no ta bekind wie, gyng der fan út dat - boargemaster en wethâlders foar in part of folslein in fergoeding takenne oan âlders fan learlingen foar skoalbesyk foar de needsaak- like ferfierskosten - de bydrage mei-ôfhinklik is fan de finansjele draachkrêft fan de âlders - wannear't de gemeenteried beslút it ferfier te fersoargjen tsjin in fan de finansjele draachkrêft fan de âlders ôfhinkelike bydrage, dan wurdt der gjin ferfierskostenfergoeding jûn - Provinsiale Steaten stelle neiere regels oangeande de útfiering "fan it foargeande - berop mooglik is by Deputearre Steaten. No is yn it ramt fan de desintralisaasje-gedachte in wetsûntwerp yntsjinne by de Steaten Generaal om de ferfierskosten-regeling ta in folslein gemeentlike saak te meitsjen. De gemeenten krije dan fia it gemeentefûns in útkearring foar de fergoeding fan de ferfiers kosten. Yn grutte linen sil der lykwols net folie feroarje foar de âlders fan skoalgeande bern. Om dit seker te stellen sille der yn WBU dan ek in tal regels opnommen wurde, der't de gemeente by syn belied rekken mei hâlde moat; sa as draachkrêftbegjinsel en frijheid fan ûnderwiis. De gemeente moat in oardering meitsje, dêr't de oanspraken op in ferfierskosten-fergoeding yn fêstlein binne. Mooglike konflikten tusken âlders en gemeente kinne útfjochte wurde foar de AROB-rjochterDe gemeente kin dus binnen de wetlike regels in hiel eigen ferfierskosten-fergoedingsbeleid folgje. De útkearings fan it Ryk sille fia it gemeentefûns rinne en sille yn elts gefal net minder wêze as ûnder de regeling sa' t cjy'tap dit stuit jildè.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 57