20. utstel om meiwurking te ferlienen foar de ynrjochting fan de ûnder- bou fan de bysûndere basisskoalle fan Jirnsum. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 6 septimber 1985. Fan it bestjoer fan de stifting Katholyk Underwiis "St. Radboud" te Jirnsum, is in fersyk ynkommen om meiwurking te ferlienen neffens kêst 72 fan de Leger-ûnderwiiswet 1920 foar it oantúgjen fan meubilêr, gebrûks- en ferbrûksmateriaal foar de ünderbou. De bysûndere basis skoalle is foarme út in saneamde kategorale skoalle foar léger ûnderwiis, wêr't gjin beukerskoalle fan deselde signatuer by be- lutsen wie. Kêst 45 van de Oergongswet Wet op it basisûnderwiis giet der fanût dat bysûndere basisskoallendy't de ynboel oanfolje moatte as gefolg fan it tanimmen fan it learlingentalin fersyk dwaan kinne oan'e gemeenteried, it nedige beskikber te stellen of de kosten te fergoedzjen. Dit fersyk moast lykwols foar 1 april 1985 yntsjinne wurde. It fersyk fan it skoalbestjoer is datearre op 9 july 1985 en is dus eigenliks te let yntsjinne. Dochs stelle wy jimme út de oanfraach te behanneljen as wie it fersyk foar 1 april ynkommen. Troch it personiel fan de iepenbiere beukerskoalle is al in ferdieling makke fan it oanwêzige meubilêr en Ontwikkelingsmateriaal. Yn jimme gearkomste fan 20 augustus 1985 binne jimme akkoart gien mei de foarstelde ferdieling fan it materiaal oer de iepenbiere en bysûndere basisskoallen. Dêrneist hat de bysûndere skoalle noch it ien en oar nedich. It fersyk is ûnderferdield yn in tal bylagen. Op bylage A is it winstige meubilêr oanjön. Men giet der fanút, dat der stuoltsjes/wurkflakken nedich binne foar 20 beukers. Dit tal is miskien wat oan de hege kant en sil dus troch ús ek neier ûndersocht wurde yn hoefier dit tal beukers reëel is. Sa't jimme bekend is, is de tsjinst gemeentewurken dwaande mei in ynventari- saasje fan it op alle skoallen oanwêzige meubilêr. Wy binne dan ek fan betinken, dat yn begjinsel wol meiwurking fer- liend wurde kin foar it oantúgjen fan meubilêr foar de ünderbou fan de bysûndere basisskoalle, dochs dat it werklik nedige tal tafeltsjes en stuoltsjes neier besjoen wurde moat en dat de útkomst fan de ynventarisaasje fan it meubilêr earst êfwachte wurde moat. Salang hjir noch gjin útslútsel oer is, kin de bysûndere beukerskoalle gebrûk meitsje fan it meubilêr dat ornearre is foar de iepenbiere basisskoalle. It kommende healjier sil dit gebrûk nei ferwachting noch gjin swierrichheden opleverje. Wat it hulpmateriaal, oanjûn op bylage E oanbelanget, kin opmurken wurde, dat in ferbândoaze al oanwêzich is en dat in twadde ferbân- doaze net nedich is. Foar it ferbrûksmateriaaloanjûn op bylage H, binne wy fan miening dat it bedrach foar de earste oanskaf wat te heech is, dit bedrach kin neffens ús beheid wurde ta sa'n 400,

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 61