W 30 Utstel om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan it lie- dingnet fan de sintrale ferwaarmings- ynstallaasje yn'e eardere beukerskoalle "It Beukerhôf" yn Akkrum. Oan'e gemeenteried. Grou, 8 novimber 1985. Sûnt augustus 1984 hat de skoallemienskip "Mid-Fryslân" yn Akkrum, de eardere beukerskoalle "It Beukerhôf" yn Akkrum, yn gebrûk. Nei oanlieding fan in klacht fan'e kant fan de skoallemienskip oer it weromrinnen fan'e wetterdruk yn'e sintrale ferwaarmingsynstal- laasje yn dy eardere beukerskoalle, wêrtroch hast alle dagen wetter byfold wurde moat, hat ús tsjinst fan gemeentewurken de ynstallaasje ynspektearre Derby hat bliken dien, dat it liedingnet ûnder de flier op Qnderskate plakken lekt, trochdat de stielen pipen hjir en dêr trochroaske binne De sintrale ferwaarming yn dit skoalgebou datearret fan 1966. Op grûn fan it ûndersyk moatte wy fêststelle, dat de lekkerij eins net mear ferholpen wurde kin. Dat betsjut, dat it hiele liedingnet, de radiators ynbegrepen, ferfongen wurde moatte. De kosten hjirfan binne troch technysk bedriuw F.I.B. Swart B.V. yn Ljouwert -dit bedriuw ûnderhâldt de ynstallaasje ek- rûsd op 13.650,— 19% b.t.w. 2.593,50) 16.243,50, of ôfrûne 16.250, Om't de gemeentebegrutting foar 1985 foar dat bedrach gjin romte jout, achtsje wy it needsaaklik, dat yn dit gefal in ekstra kredyt beskikber steld wurdt. Mei it each dêrop, stelle wy jimme út, om de post "ûnfoarsjenne útjeften" oan te sprekken. By in ôfskriuwing yn 15 jier en in rintepersintaasje fan 8 moat it earste jier rekken hâlden wurde mei in lést fan 2.383,(ôfskriuwing 1.083,en rinte 1.300, Gearfetsjend stelle wy jimme út om foar it ferfangen fan it lieding net fan de sintrale ferwaarmingsynstallaasje fan de eardere beuker skoalle "It Beukerhôf" yn Akkrum, in ekstra kredyt beskikber te stellen fan 16.250,en dêrta in beslút te nimmen, wêrfan it ûntwerp foar jimme by de riedsstikken op besjen leit. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de loko-boargemaster P.H. Starreveld. D. van Gorkum. GEMEENTE BOARNSTERHIM

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 119