W 31. Utstel fan nammejouwing oan'e iepenbiere basisskoalle yn Jirnsum. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 8 novimber 1985. Yn in oan ús kolleezje rjochte en foar jimme by de riedsstikken op besjen lizzend skriuwen, dielt de direkteur fan de iepenbiere basisskoalle yn Jirnsum mei, dat yn in gearkomste mei it personiel en de âlderkommisje fan de eardere iepenbiere beukerskoalle "Beuker- wille" yn Jirnsum, besletten is, om as namme foar de nije iepenbiere basisskoalle dêre, "It Tredde Sté" oan te hâlden. Sa't jimme witte, wie dit ek de namme fan de eardere iepenbiere skoalle foar gewoan leger ûnderwiis yn Jirnsum. De iepenbiere beukerskoalle "Beukerwille" en de iepenbiere legere skoalle "It Tredde Sté" foarmden yn ferbân mei de yntegraasje fan it beuker en leger ûnderwiis oant 1 augustus 1985, doe't de Wet op it Basisûnderwiis fan krêft waard, in skoallekeppelMen wol mei it each op'e nije situaasje de namme "Beukerwille" no falie litte. Wy kinne der ynkomme. Itselde is bard mei de nammejouwing oan'e iepenbiere basisskoallen yn Roardhuzum en Wergea. Ek yn dizze gefallen binne de nammen fan de eardere beukerskoallen ferfallen en is de namme fan de iepenbiere legere skoalle oanhâlden foar de nije iepenbiere basisskoalle. Wy stelle jimme dan ek út, om oan'e iepenbiere basisskoalle yn Jirnsum de namme fan "It Tredde Sté" te jaan, en dêrta in beslút te nimmen, dêr't it ûntwerp fan by de riedsstikken op besjen leit. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de loko-boargemaster P.H. Starreveld D. van Gorkum

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 120