GEMEENTE BOARNSTERHIM 32. Utstel om in ekstra kredyt beskik- ber te stellen foar it oanbringen fan ûnderskate boukundige foar- sjennings yn it gymnastyklokaal yn Raard. Oan'e gemeenteried. Grou, 8 novimber 1985. Yn jimme gearkomste fan 18 juny 1985 (wurklistnümer 28) ha jimme yn begjinsel besluten om: a. de klaai-/waskromte yn de gymnastykseal yn Raard te ferbouwen en in froulju's en manlju's húske yn dat gebou oan te bringen; b. in brüsgelegenheid yn dit gebou te meitsjen. Fierders is doe yn prinsipe besluten it nedige jild dêrfoar mei de tiid fia in wiziging fan de gemeentebegrutting beskikber te stellen. Dizze foarsjennings binne meiinnoar rûsd op 14.125,- (19% b.t.w. ynbegrepen) Sa as wy yn ús útstel fan 7 juny 1985, nú. 28 oanjûn ha, kin it ûnder a neamde wurk betelle wurde út'e post "ûnderhâld frijsteande gymnastyklokalen" op'e gewoane tsjinst fan de gemeentebegrutting foar 1985 9.295, De foarsjenning ûnder b kin net betelle wurde út'e begrutting foar 1985. Hjirfoar is in ekstra kredyt nedich 4.830, Omdat it om in gymnastyklokaal giet, dat benammen ek foar it ûnder- wiis ornearre is, is op grün fan kêst E 42 fan de Oergongswet Wet op it Basisûnderwiis it Ministearje fan Underwiis en Wittenskippen frege foar de útfiering fan dit wurk tastimming te jaan. Yn syn brief fan 28 oktober 1.1., nûmer BO/H/B-721564 hat de Steatssik- taris fan dat Ministearje syn tastimming jûn. De folsleine kosten foar dizze boukundige foarsjennings binne troch him oanfurdige oant in bedrach fan 14.500,ta (ynbegrepen b.t.w. en priisûnt- jouwing 1985) en sille troch it ryk oan'e gemeente fergoede wurde (jierlikse fergoeding). No't it ryk mei ús plannen foar de gymseal yn Raard akkoart gien is, stelle wy jimme út yn dit ferbân in ekstra kredyt beskikber te stellen fan 14.500,(bedrach ryksfergoeding) In mankemint yn'e gymnastykseal yn Raard is noch wol, dat der gjin inkelde fentilaasjemooglikheid is. De stifting sportbelangen Raard/Poppenwier hat hjir lêstendeis ek noch wer ris op wiisd. Troch de konstruksje fan de finsters en de beskermjende gaasrekken oan'e binnenkant is it praktysk net mooglik om fia de bûtekezinen in fentilaasje te krijen, dyt goed wurket. De iennichste oplossing is om in fentilator oan te bringen. De kosten dêrfan binne likernôch 2.650,(19% b.t.w. ynbegrepen). Yn dizze priis is begrepen in saneamde timer, wêrmei de fentilator automatysk útskeakelt, wanneart de tiid, dy't ynsteld is, foarby is. Hjirmei kin ek ünnedich ener- zjyferlies foarkommen wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 121