33. Utstel om in ekstra kiedyt beskikber te stellen foar in skoaldekaankeamer en kom- jûter-opberchromte yn'e Mafû-skoalle yn Grou. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan'e gemeenteried. Grou, 8 novimber 1985. De iepenbiere Mafu-skoalle de ^'Carel van Roordaschool" yn Grou kriget ynkoarten 12 kompjûters mei byldskermen, ta harren foldwanning. Op dit stuit is der yn dizze skoalle net in lokaal, dêr't dizze apparatuer bliuwend delsetten wurde kin. De direkteur fan de skoalle ferwachtet, dat der mei yngong fan it skoaljier 1986/1987 troch it weromrinnen fan it tal bern in lokaal frijkomme sil. Dit lokaal kin dan as kompjûter-lokaal ynrjochte wurde. Dit betsjut, dat der no tydlik in opberchromte foar dizze apparatuer komme moat; it leafste sa ticht mooglik by in leslokaal. Foar de kompjûterlessen moat de apparatuer dan fan de berging nei it lokaal brocht wurde en nei ôfrin fan'e lessen wer werom nei de berging. In gaadlike berchromte is lykwols op't heden net oanwezich. Dêrnjonken hat dizze skoalle driuwend ferlet fan in keamer foar de skoaldekaan. It buro foar de dekaan stiet no yn'e keamer fan'e direkteur. Sawol foar de dekaan as foar de direkteur is dit tige lêstich. De berchromte efter de keamer fan'e direkteur wurdt brûkt as keamer foar de adjunkt-direkteurJimme kinne fan tinken wol ha, dat ek dizze situaasje lang net ideaal is. Yn'e útwreiding yn'e takomst fan dizze skoalle is in keamer fan de adjunkt-direkteur opnommen, sadat dit fraachstik dan fan'e baan wêze sil. Om dizze keamer te bestimmen foar de skoaldekaan jout ek betizing. Is it dêrom needsaaklik, dat der in aparte keamer foar de dekaan komt. Yn oerlis mei de direkteur is in plan makke foar in keamer foar de skoaldekaan op'e oerrin fan de earste ferdjip- ping. Yn dizze keamer njonken in leslokaal kinne tydlik de kompjûters opburgen wurde. It ien en oare is neier oanjûn op'e tekeningen, dy't foar jimme by de riedsstikken op besjen lizze. Sa as opmurken sil nei alle gedachten mei yngong fan it skoaljier 1986/1987 in lokaal folslein frijkomme foar de kompjûters. Dy kinne dêryn stean bliuwe en hoege net hieltyd fertôge te wurden. Meiïnoar binne de kosten foar dizze ynwindige ferbouwing, dat behalven út timmer- en skilderwurk, ek bestean sil út it oanpassen fan de elektryske ynstallaasjebegrutte op 11.200,(19% b.t.w. ynbegrepen) Dêrneist moatte foar it regelmjittich ferpleatsen fan de kompjûter- apparatuer tafelblêden makke wurde, dêr't dizze apparatuer op fêst- makke wurde moat. Fierders moatte yn'e opberchromte stellingen komme foar de apparatuer. De folsleine kosten fan dit wurk binne rûsd op 2.700,(19% b.t.w. ynbegrepen). Alles mei elkoar moat dus rekken hâlden wurde mei in útjefte fan 13.900,11.200, 2.700,

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 123