- 9 - 12. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de aanleg van bestrating rond het te bouwen postkantoor te Akkrum. Mefrou A. Zijlstra seit dat har fraksje dizze opset wol djoer fynt. Dat soe wol wat soberder kinne. Hja freget it kolleezje om dat yn oerlis mei de boumaster nochris te besjen. Fierder freget hja har ôf ôft handikapte minsken dit gebou wol goed berikke kinne. De hear Terra fynt dat dit plan fierstente fier giet. It moat passé yn de omjouwing stiet yn it útstelmar de wize wêrop dit terrein ynrjochte wurde sil is tige útwrydsk. Hy freget it kolleezje dêrom om dit nochris op'e nij te besjen en de opset wat soberder te meitsjen. Wethâlder Van Gokrum andert dat yn Utingeradiel by oankeap fan dizze grûn sein is dat dit terrein mei bysûndere soarch ynrjochte wurde soe en dat it untwerp mei oandacht besjoen wurde soe. It Ontwerp fan it gebou is kritysk besjoen, mar no't it oan de gemeente ta is soe it soberder moatte. Der binne wol wat beheinings mooglik dy't sa'n 6 7 tûzen gûne opsmite Sprekker wol wol tasizze dat der mei de boumaster nochris be sjoen wurde sil op hokker plakken dit Ontwerp was oanpast wurde kin, mar as men kritysk is op in oar moat men dat ek op jinsels wêze De hear Van der Baan is it net mei de oare sprekkers iens dat dit plan fierstente djoer is. It sintrum fan in plak mei neffens him wol wat mear aksint hawwe. Hy woe wol dat it yn Grou ek sa moai makke waard en derby doelt hy op "It Grien". Hy sprekt syn lokwinsken foar Akkrum út en hopet dat Grou meikoarten folget. Wethâlder Van Gorkum seit noch as oanfolling dat it gebou wol foar handikapten tagonklik makke wurde sil. De stoepe sil om de grienfoarsjenning hinne skean omheech laad wurde sadat minsken yn rôlstuollen dêr lâns kinne. Mefrou A. Zijlstra begrypt de neiere útlis fan de wethâlder net alhiel. Wurdt de stoepe foar rôlstuollen wol breed genôch. Mefrou S. Zijlstra is fan betinken dat dit soarte problemen foarlein wurde moatte oan saakkundigen en dêrfoar ferwiist hja nei it P.O.R. Mevrouw Aukes vindt dit plan ook aan de dure kant en zij denkt dat er in de begroting wel zogenaamde "dode posten" zitten die best geschrapt kunnen worden. Wethâlder Van Gorkum leit nochris út hoet de stoepe krekt oanlein wurde sil. Dy stoepe wurdt breed genôch foar rôlstuollen. It liket him fierder net needsaklik om dit plan om adfys nei it P.O.R. te stjoeren, om't der yn feite gjin oare oplossing is foar in oar paad. Fierder sil dit plan sa goedkeap mooglik útfierd wurde. Der sil nochris besjoen wurde hokker posten wol út it plan helle wurde kin. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten met dien verstande dat de heer Terra geacht wordt tegen dit voorstel te hebben gestemd.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 13