- 14 - foech en as de ried dit belied net útfiere wol soe it noch wolris dreger wurde kinne om ek mar wat foech te krijen. Nimt de ried dit net oer, dan moat it kolleezje oan de provinsje trochjaan dat dizze gemeente de ferantwurdlikheid op grûn fan de âlde lân- skipsoardering en de âlde lisplakkenoardering net wier meitsje kin. De fierdere maatregels dêr't de hear Stallinga nei freget, wurde ferwurde yn it belied dat, as it meisit, foar 1 jannewaris klear is. Dy datum wurdt oanhâlden om't begjLn '86 oerlis mei de provinsje hâlden wurde moat oer it ynfoljen fan de nije lisplakkenoardering. Meikoarten sil yn de ôfdieling de te folgjen proseduere besprutsen wurde. Yn de tuskentiid sil it ynstelde belied folge wurde moatte. De hear Van der Baan freget oft it wier net mooglik is om mei de provinsje nochris oer dizze saak oerlis te hawwen. De heer De Wolf constateert dat het college van plan is binnen een paar maanden een ligoever- en jachthavenbeleid te ontwikkelen. Hij kan zich daar bij niet voorstellen dat dan in die paar maanden het voor zijn gevoel ongelukkige beleid van de provincie nog gevolgd moet worden. Moet dit kleine detail uit het totale beleid doorgezet worden terwijl er voor de gehele provincie een nieuw beleid wordt ontwikkeld? Spreker heeft zich niet duidelijk uitge sproken voor deze oever als ligoever. Daar spelen een aantal aspecten mee die in totaliteit bekeken moeten worden en hij denkt dat het provinciale bestuur dat de gemeente niet kwalijk kan nemen. Verder vindt hij het zwak om te zeggen dat als de raad dit beleid niet steunt dat dan voor die paar maanden de provincie het beleid maar moet voeren. De hear Van den Berg begrypt dy reaksje fan it kolleezje ek net goed. De jachthavens binne neffens him wat minder fol as in pear jier ferlyn, mar de situaasje is net sadanich dat dy jachthavens net mear eksploiteard wurde kinne. Fierder liket it him wat fier socht dat as de gemeente is belied foar ien wâl, in lyts partsje út in grut gehiel, feroaret dat dêrtroch de relaas je mei de pro vinsje grutte skea tabrocht wurdt. Hy fynt dat it altyd mooglik wêze moat om in belied by te stellen as der oare aspekten mei- spyljen geane. Benammen no't bliken docht dat der dochs meikoarten in belied opsteld wurde sil foar de hiele gemeente liket it him better om hjirmei te wachtsjen, hoewolt hy him ôffreget oft der op sa'n koarte termyn wol in goed belied opset wurde kin. De hear Bouma seit dat as der in hurde tasizzing is, dat der binnen in pear moannen in belied opset wurdt, dat men der net oan twifelje moat. Dêr moat men bliid mei wêze. It liket him fierder tige gefaarlik dat in gemeente op grûn fan in advys fan in beswierskriftenkommis je ree is om it belied te wizigjen. It is net it foech fan dy kommisje om de ried dêryn te lieden en sprekker tinkt dat dat troch in hegere oerheid ek altyd ôfkard wurde sil. Wethâlder Van Gorkum seit dat dit stik skreaun is nei oanlieding fan in advys fan de kommisje foar berops- en beswierskriften De beswieren dy't behannele binne wiene fan minsken dy't sunt it yn wurking treden fan de lanskipsoardering al wisten dat hja mei harren boaten fan dy plakken of moasten. It liket sprekker ta dat as de gemeente dan no nochris by D.S. oankomt om hjiroer

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 18