- 20 -
22. Voorstel inzake het subsidie- en tarievenbeleid inzake gymna
stieklokalen en sportaccommodaties.
Mefrou A. Zijlstra seit dat it foar de sportried in hiele poepetoer
west hat om de tariven op in rychje te krijen. Yn de trije âlde
gemeenten wiene alle tariven en subsydzjes oars.Har fraksje kin
him lykwols yn grutte linen wol fine yn it útstel dat der út
kaam is. Der binne noch al wat fragen. Is it al bekend om hoef olie
jongereinoeren it gean sil? Alle ferienings mei jeugdleden kinne
subsydzje oanfreegje, mar sprekster freget har of oft eltse
feriening dêr ek gebrûk fan meitsje sil. It liket har dêrom goed
dat der nei krapoan in jier besjoen wurdt hokker ferienings gebrük
makke hawwe fan it subsydzje en hoet it dêr dan mei giet. As
bliken docht dat der noch jild oer is soe it mooglik wêze moatte
om dat noch yn de knyppunten te stekken. It jild dat foar de
sport ornearre is moat dêr ek brûkt wurde. Fierder giet de hier
foar it kuorbalfjild yn Grou in kear oer de kop, wylst de tastân
fan it fjild tige min is. Sprekster freget oft it kolleezje dêr
ek wat oan dwaan kin.
De hear Van der Baan hat respekt foar it wurk dat hjir oan dien
is. It hat in bealch fol wurk west om dit sa op in rychje te
krijen. Hy hie fierder de selde fraach as frou Zijlstra, om nei
in jier te bes jen wêr't de knyppunten sitte en dêr dan by te
springen. It liket him net goed dat ferienings troch de hegere
tariven yn de pine komme.
Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie zich in grote lijnen in het
voorstel kan vinden. Ten aanzien van het korfbalveld in Grouw
vraagt zij zich ook af of de huur voor dit veld, gezien de slechte
staat, wel verdubbeld moet worden. Hoe staat het met het gemaal
dat in de sloot rond dit veld geplaatst zou worden? Juist met
zo'n extreem natte zomer had dat een beetje een gunstige invloed
kunnen hebben op de waterstand. Verder vraagt spreekster of er
naar de verenigingen toe nog wat duidelijkheid gegeven kan worden
over de subsidie-aanvragen. Met name bij een aantal kleine gym
nastiekverenigingen bestaat hier nog onduidelijkheid over, mede
in verband met hun eigen financiële situatie.
Wethâlder Van Gorkum seit dat de hier fan it kuorbalfjild yn
Grou efterôf yn rekken brocht wurde sil. Alle wedstriden dy't
fanwege de situaasje fan it fjild ôfsein wurde, sille net yn
rekken brocht wurde. Op dy wize wurdt de priisferheging wat
opfongen. De pomp dêr't mefrou Aukes nei frege, sil dizze moanne
noch pleatst wurde. De fraach om oer in jier de útwurking fan
de subsydzjes nochris te besjen, sil oan de sportried foarlein
wurde. Net allinnich de ried, mar ek it kolleezje fynt dat in
wichtige saak en sprekker tinkt dat de sportried seis ek wol
witte wol hoe't de saak der dan hinne leit.
De hear Bethlehem fynt it in goede saak dat oan de sportried
de fraach foarlein wurdt om oan de ein fan it jier de jildlike
situaasje nochris besjoen wurdt. It liket him dochs wol better
om no fêst te lizzen dat benammen de lytse gymnastykferienings
harrenTgjin soargen hoege te meitsjen oer it subsydzje.