- 4 - Mevrouw Aukes denkt dat deze minister het goed voor heeft met het Friese volk. Punt 6: De hear Van der Baan freget him of wêrom't der in hoeke wetter oan de hear Van der Zee ferkocht is. De voorzitter denkt dat het gaat om een stuk water waarin een nieuw stuk steiger gebouwd zal worden. Mocht er een andere reden voor de verkoop zijn, dan zal die nog aan de raad worden meegedeeld. Punt 9: Mefrou A. Zijlstra is bliid dat it kolleezje de nedige linigens tapast by it ferlienen fan stúdzjekosten. Hja tinkt lykwols dat der it'folgjende jier wol mear oanfragen komme sille as de nije stúdzjekostenrigels ynfierd wurde dy't no troch it regear op priemmen setten wurde. It gemeentlik stúdzjefûns koe dan wolris net tarikkend wêze en sprekster freget har of oft it Albadaleen hjir dan by brûkt wurde kin. Dy fraach is al earder steld, mar der is noch gjin andert op kaam. De voorzitter zegt dat er inderdaad al eens eerder gevraagd is om te bekijken of de reikwijdte van de beide in de gemeente aanwezige lenen vergroot kan worden. Dat vraagstuk is nog niet aangepakt omdat daar waarschijnlijk een hele ingewikkelde en tijdrovende procedure voor nodig is. Gelet op de beschikbare tijd, is het college van mening dat die voorshands aan andere zaken moet worden besteed. Het is bekend dat deze vraag er ligt en als er tijd beschikbaar komt, zal daar ook aan gewerkt worden Mefrou A. Zijlstra hopet dat it dochs wol foar it stúdzjeseisoen 86/87 útsocht is, om't dan ek de nije rigels jilde. De voorzitter zegt toe dat geprobeerd zal worden om op niet al te lange termijn duidelijkheid te verschaffen over de mogelijkheden van het leen. Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. 3. Voorstel tot uitbreiding van uw delegatiebesluit inzake huur en verhuur van eigendommen van 17 januari 1984. De hear Van der Baan kin mei dit útstel net sa bot út 'e fuotten. Der binne gjin sifers dêr't de needsaak fan útwreiding fan delegaasje op basearre is. It liket him eigenwillich om no fan 250,= nei 1.000,= te gean. Miskien komt der it folgjende jier wol in útstel om it te fer- heegjen nei 2.000, Sa't it no by him oer komt fielt sprekker der net folie foar om dit te dwaan. Wethâlder Breeuwsma seit dat dit ütstel út praktyske oerweging foarlein is. By in bedrach fan 250,= giet it meastentiids mar om in heale hektare grûn en it giet meastentiids dochs om ienfâldige saken. Dêrom like it it kolleezje better om soks net hyltyd oan de ried foar te lizzen. Efterôf wurde de transaksjes yn de meidielings meinommen. De voorzitter voegt daar aan toe dat naar aanleiding van zulke mede delingen altijd vragen over de transactie gesteld kunnen worden. De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje it wol iens is mei dit útstel. It giet ek om it hawwen fan betrouwen yn it kolleezje. Fierder is it tige praktysk om it sa te regeljen. Dan hoege sokke lytse saken net allegear apart oan de oarder te kommen. De tiid kin better stutsen wurde yn wichtiger saken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 34