- 5 - De hear Stallinga is it alhiel mei de hear Nieuwdam iens. Sokke lytse griemerijen moat de ried óf. Dat kin wol oan it kolleezje tabetroud wurde It is foar de hear Van der Baan net in kwestje fan betrouwen. It giet der neffens him om hoe't men jins taak as kontrolearjend lichem sjocht. Elts hat der syn eigen grinzen foar. As it om betrouwen giet dan sil dat wol op in oare wize dúdlik makke wurde. Mefrou Watzema seit dat har fraksje it wol iens is mei dit útstel. It is minder rompslomp foar de ried en as hja it der net mei iens binne dan komt der wol in reaksje. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 4. Voorstel tot het subsidiëren van een opstapcursus te Grouw. Mefrou S. Zijlstra sprekt út namme fan har fraksje har wurdearring út foar dit útstel. Ferromming fan ûnderwiismooglikheden foar minsken dy't noch wat leare wolle, is ek yn dizze gemeente in goede saak. De wize fan subsydzje jaan sa't de wolwêzenskommisje dat útstelt, sprekt har mear oan as de wize dy't it kolleezje foar stiet. Soe it subsydzje allinnich út de post ûnfoarsjoen fan it sosjaal-kultureel wurk komme, dan bliuwt der faaks net genôch oer foar noch neikommende oanfragen. Om't dit dochs ek in Gnderwiissaak is kin der út it stúdzjefûns ek wol in part fan it jild helle wurde. Hja stelt dan ek út om it subsydzje út beide potten te heljen. De hear Stallinga is it wol iens mei it útstel fan it kolleezje, mar hy hat noch wol in pear fragen. Wat is it effekt fan dizze kursus? Is der in ferfolch mooglik? Hokker mooglikheden jout dizze kursus? Is de kursus frijbliuwend? Wat is der oer de wet op de basisedukaasje bekend? Hokker mooglikheden jout dy en slute dy mooglikheden hjirop oan? Fierder is der 10,= ferskil tusken de beide wizen fan berekkenjen fan subsydzje en eigen bydrage. Wat is der de oarsaak fan? Mevrouw Aukes vraagt om welk cursusseizoen het gaat en hoelang de cursus zal duren. Het college wil de bijdrage uit de post onvoorzien van het sociaal-cultureel werk halen. Spreekster vraagt zich af of het college dan ook inzicht heeft in mogelijke aanvragen voor het sociaal-cultureel werk. Welke invloed zal de wet op de basiseducatie hierop hebben? De hear Van der Baan is it mei dit útstel wol iens, mar hy is ek fan betinken dat der wat tefolle jild út de post foar it sosjaal-kultureel wurk helle wurde sil. Dy post sit dochs al wat krap yn't jild. De bydragen oan ferienings wurde al sa leech mooglik hâlden om't der oars net genôch is en sprekker fynt dat it oare sosjaal-kultureel wurk net troch dizze útjefte yn de knipe komme mei. Wethâlder Van Gorkum seit dat it it doel is dat de kursus sa gau mooglik begjint. Der is gjin strak lesprogramma. Yn oerlis mei de dielnimmers sil besjoen wurde hoe't it oanpakt wurde sil. De kursist tekent foar de hiele kursus en betellet dêr ek in frij grutte eigen bydrage foar. Hoe't de ferhâlding mei de basisedukaasje wêze sil, is noch net alhiel dúdlik. Sprekker tinkt wol dat dizze ûnderwiisfoarm wat tusken wâl en skip driget te reitsjen om't de basisedukaasje wolris in benypt begryp wurde kin. Hy kin fierder it tsientsje ferskil net sa ga fine. De kursus kostet 200,= en it kolleezje is fan doel 75,= subsydzje te jaan. Bliuwt dus foar eigen rekken 125,=. It útstel fan mefrou Zijlstra om in part fan de subsydzje út it stúdzjefûns te heljen sprekt him net

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 35