- 11 - Op it stuit dat de wurkgearkomste fan de ôfdieling hâlden waard is ek it brief fan de P.P.D. binnen kaam. Dat brief weaget foar it kolleezje wol sa swier dat hja alle saken nochris goed op in rychje sette wolle ear't der in definitive útspraak oer de traseekar fan de Stationswei dien wurdt. It advys fan de P.P.D. is fan sadanich belang dat dat, ek al wie dat brief let, dochs by it meitsjen fan in kar belutsen wêze moat. De ried moat de útspraak dwaan, mar fan in ynstânsje as de P.P.D. kin men in saakkundich advys ferwachtsje dat net samar oan de kant lein wurde kin. Mevrouw Aukes vindt dat als die brieven zo belangrijk zijn, het college daar bij de hoorzitting ook wel meer aandacht aan had kunnen besteden. Bij de hoorzitting is even aangegeven dat die brieven er waren en verder is daar geen aadacht aan gegeven. Spreekster vraagt zich verder nog af welke consequenties er voor de bebouwing aan het nu vaststellen van een globaal bestemmingsplan vast zitten. De hear Bethlehem begrypt út it andert fan de wethâlder dat it better is om mei in better fundearre útstel yn de ried te kommen sadat dat yn Ljouwert ek minder swierrichheden jaan kin. De hear Damsma fynt it in slimme saak dat de P.P.D. sa let reagearret en dan ek noch nei't earst in brief fan monumintesoarch harren der attent op meitsje moast. Fierder hat hy de saakkundigens fan de P.P.D. op in pypfol. It liket him ta dat as der jun in beslút nommen wurdt, dat in grutte kâns fan slagjen hat, sjoen alle ynspraak-prosedueres dy't der west hawwe De hear Van der Baan freget oft der fan D.S. al in beslüt is oer de lûdsoerlêst dy't der oan de Stationswei wêze mei. Oangeande de lisplakken tinkt sprekker dat it nei de minsken ta dy't der no lizze net mear as ridlik is dat hja yn it nije plan ek in lisplak krije kinne. It liket him ta dat de saken omkeard wurde moatte en dat de hjoeddeistige lis- plakken yn it plan De Baai foarrang hawwe moatte boppe de lisplakken foar takomstige bewenners fan de Baai De hear Bouma hat út it andert fan de wethâlder begrepen dat de minsken mei lisplakken nei it slaan fan de damwand wer wolkom binne, al is dat dan tydlik. By de ferkeap fan grûn mei wetter foar in eigen lisplak, mei de gemeente net bûn wêze troch oare lisplakhierdersMar sprekker tinkt dat der dan lykwols noch wol plakken oer wêze sille en it liket him ta dat dan de minsken dy't der no lizze, dêr dan ek wer lizze meie. De ried moat noch in beslút nimme en dêrom kin der neffens sprekker no net sein wurde dat in útspraak fan de ried swierder weaget as in brief fan in advisearjende ynstânsje. Oer in saak as dizze moat in goed beslút nommen wurde en dêrom is it goed om ek de advizen fan P.P.D. en monumintesoarch, al binne dy let binnen kommen, dochs by de beslút- foarming te belüken. Fierder wol sprekker ek noch efkes kwyt dat by de harksit dúdlik oanjûn is dat dy brieven der wiene en hy tinkt dat mefrou Aukes hjir allinnich har 'verontwaardiging' oer it lette binnen kommen fan dy brieven nochris útsprekke wol Wethâlder Breeuwsma seit dat hy by de harksit dúdlik oanjûn hat dat der fan monumintesoarch noch in brief binnenkommen wie mei dêryn oanjûn in foarkar foar trasee A. Der wurdt neat efterhâlden en it kolleezje besiket de minsken ek altyd sa objektyf mooglik foar te ljochtsjen. It is yndied sa dat it kolleezje op dit stuit mei de beide brieven dy't der noch lizze, net in beslút nimme wol oer de traseekar om dêr dan mei nei Ljouwert te gean.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 41