- 12 - Hy fynt fierder dat de útspraak fan de hear Damsma dat hy de saakkundigens fan de P.P.D. op in pypfol hat, fierstente fier giet. Dat brief giet út fan fertsjintwurdigers fan it ministearje fan W.V.C., ynspeksje romt- like oardering, ynspeksje folkshüsfesting en provinsjale wettersteat. (De hear Damsma: "Jo lûke it út it ferbân".) Sprekker fynt dochs dat it om ynstânsjes giet dêr't men rekken mei hâlde moat en dan mei men yn jins wurdgebrûk dochs wol in nuansearring oan- bringe. Hy is it der wol mei iens dat it brief te let binnen kommen is. De oerwegings, ek dy fan D.S. oer de lûdsoerlêst, sille fansels yn it nije útstel meinommen wurde. Dy binne no net yn ien kear oan de kant setten. Oer de lisplakken seit sprekker dat oan de hierders wol bekend wie dat it der om tydlike lisplakken gie. Yn juny 1980 is in moasje oannommen, yntsjinne troch de F.N.P.'er Van der Goot, dat de minsken mei in lis- plak der, witte moasten dat it mar om tydlike lisplakken gie. De voorzitter mekt nog op naar mevrouw Aukes toe dat hier geen bestemmings plan wordt vastgesteld maar dat er een principe-uitspraak gevraagd wordt over een schetsplan. Het bestemmingsplan wordt in januari ter inzage gelegd en in februari of maart zal het dan vastgesteld kunnen worden, zodat er nog voldoende tijd is om daar op in te spelen. Wethâlder Breeuwsma heakket der noch oan ta dat it plak fan dy damwand yn alle plannen deselde is en as der skood wurde moat, kin dat allinnich mei de bebouwing fierder op yn it plan. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten voor zover betrekking hebbende op II. Ontwerp schetsplan en III. Voorbe- reidingsbesluit 12. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de aanleg van een damwand c.a. langs het plan De Baai 2e fase. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten 13. Voorstel tot wijziging van de brandbestrijding in het gebied Warga- Wartena-Warstiens De voorzitter deelt mee dat er vanuit Leeuwarden een verzoek is gekomen om nader overleg over deze kwestie. Het lijkt hem daarom goed dat dit voorstel zodanig wordt gewijzigd dat de raad wel een uitspraak doet tot wijziging van de brandbestrijding, maar als er uit het overleg met Leeuwarden onoverkomelijke bezwaren naar voren komen dat dan op deze zaak wordt teruggekomen. It liket de hear Nieuwdam ta dat it dan better is om dizze saak oan te hâlden oant der in petear west hat mei Ljouwert en dat sil dochs wol op koarte termyn wêze. Hy hopet dat as dit troch giet, foar de neamde doarpen it réden by brân op deselde 'snelle' wize gean sil as men dat no fan Ljouwert bewend is. De hear Damsma seit dat oantoand is dat yn de neamde doarpen like hurd in brânwachtauto út Grou as út Ljouwert komme kin. No hat Ljouwert in beropsbrânwacht en yn Grou binne it frijwilligersHy twifelt der dochs wol in bytsje oan dat in frijwillige brânwacht der like hurd wêze kin as in beropsbrânwacht De hear De Wolf tinkt dat de fûleindigens fan sokke frijwillL-iers wolris grutter wêze kin as fan beropsminsken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 42