- 14 - 19. Utstel om ekstra kredyt beskikber te stellen foar it oantúgjen fan de earste ynrjochting foar it "speellokaal" fan de Trije Doarpenskoalle fan Reduzum. Sûnder petear en sûnder haadlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 20. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet in verband met de stichting van een bijzondere basisschool te Irnsum. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 21. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet in verband met de stichting van een bijzondere basisschool te Wartena. Alsvoren 22. Utstel om meiwurking te jaan foar it oanskaffen fan learmiddels yn ferbân mei de ynfiering fan it fak Ingelsk op de bisGndere basis- skoallen yn Grou en Aldeboarn. Sünder petear en sûnder haadlike stimming wurdt der neffens it ústel besletten. 23. Utstel om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar de útwreiding fan de fytsestalling by de bisûndere basisskoalle yn Tersoal. De hear Stallinga is it der net mei iens dat der in fytsehok komt, sa't it kolleezje him dat foarstelt. Men hat der in protte ûnderhâld oan, de kans op fernielen is grutter en it is estetysk net ferantwurde by dizze frij nije skoalle. It soe better wêze om it fytsehok yn deselde styl te hâlden. It bedrach dat dêr dan no mear foar útjûn wurde moat, is neffens sprekker op koarte termyn werom fertsjinne. Wethâlder Van Gorkum seit dat it kolleezje himsels ek wol wat krinterich fielde by dit útstel. Lykwols moat der earne in grins lutsen wurde tusken wat men noch wol oan foarsjennings tastiet en wat net. As men it per fyts berekkent, komt it dochs al op in aardich bedrach út. Dat moast net noch heger wurde, neffens it kolleezje. De hear Stallinga tinkt dat soks net per fyts berekkene wurde moat. Dan kin gjin inkeld projekt út, benammen as it dan om ekstra dingen giet. De kwaliteit moat besjoen wurde en dêrom fait dit him wat tsjin fan it kolleezje. De hear Bouma seit dat syn fraksje ta de konklúzje kaam is dat it fanda- lisme yn Tersoal wol wat tafalle sil en dat net oer in koart skoft tiid dat fytsehok opknapt wurde moat. Om by sa'n stalling de berekkening per fyts te meitsjen fynt sprekker net sa'n min idee. By oare parkear- plakken wurdt dy berekkeningswize ek hantearre Wethâlder Van Gorkum seit dat der foar dit jild wol in goed fytsehok komt, hoewol net yn de styl fan it gebou. Dêr is no ien kear foar keazen en sprekker wol dêr ek oan fêst hâlde Hjirnei wurdt sünder haadlike stimming neffens it útstel besletten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 44