w 4. Utstel oangeande it ynfieren fan fryske doarps- en strjitnammen. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 8 novimber 1985. 1Ynlieding. Al yn de riedsgearkomste fan 17 jannewaris 1984 is in kommisje Fryske doarps- en strjitnammen ynsteld. De taak fan dy kommisje wie om in antwurd te jaan op in trijetal fragen: a. moat de gemeente Boarnsterhim foar de doarpen en strjitten de fryske nammen brûke b. moat de gemeente dêrta besteande nammen yn it Frysk oersette en op'e nij fêststelle of moatte allinne nije nammen (fan strjit ten) yn it Frysk fêststeld wurde; c. wat binne de finansjele konsekwinsjes foar de gemeente, de yn- wenners, bedriuwen en ynstânsjes? 2. It advys fan de kommisje. De kommisje hat op 17 april 1985 in advys útbrocht. It leit by de riedsstikken op besjen. It hâldt yn: a. oan de gemeenteried it útstel dwaan om foar de doarpen tenei allinne frysktalige nammen te brûken en dêrta de nammen fêst te stellen dy't de geakundekommisje Boarnsterhim advisearre hat; b. fan dit útstel kundskip te dwaan oan de ynwenners, de bedriuwen en de ferienings fan pleatslik belang yn de gemeente mei it fersyk om kommintaar te jaan; c. alle nederlânske strjitnammen foarearst net te feroarjen; de mooglikheid net útslute om letter dochs noch frysktalige nammen fêst te stellen; By brief fan 22 april 1985 hawwe wy alle ferienings fan pleatslik belang yn de gemeente op'e hichte brocht fan it foarnimmen om de nammen fan de doarpen yn it Frysk fêst te stellen. Der is frege om réaksje. 3. De réaksjes. Fan de 18 doarpen hawwe 9 réagearre. De brieven lizze by de rieds stikken op besjen. In gearfetting fan de réaksjes. Opmerkings Akkrum/Nes Deersum Irnsum :gjin beswier :gjin beswier :gjin beswier twataligens as oergongs- maatregel as it dochs moat, dan Raerd en gjin Raard der feroaret foar ús neat; de twataligens moat bliuwe; Rauwerd tsjin

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 59