- 2 - Wartena Roordahuizum tsjin Poppingawier net tsjin Oldeboorn tsjin net tsjin in heap kosten en in protte drokte goed oer de konsekwinsjes nei- tinke betingst: de nije namme moat wittenskiplik ûnderboud wurde kinne op grûn fan de miening fan de middenstân (ûndernimmers en bedriuwen) Us konklúzje is dat hjirút net of te lieden is hoe't ús ynwenners oer it feroarjen fan de doarpsnammen tinke. In oare réaksje kaam fan it postdistrikt en it telefoandistrikt Ljouwert. Dizze beide bedriuwen heakken yn op in parseberjocht oer it advys fan de kommisje. De problemen, dêr't beide ynstansjes foar komme te stean by it ynfieren fan ientalige Fryske plaknammen wurde breed útmetten. Der soene beswieren wêze fan administratyf- technyske aard. Fierder soe it harren nochal wat komme te kostjen en der wurdt al fêst in finansjele kleem fan in pear hûndert-tûzen gûne neamd, dy't oan de opdracht joüwer fan de feroaring yn rekken, brocht wurde sil, bygelyks oan bedriuwen, werûnder de nutsbedriuwen. It postdistrikt en it telefoandistrikt Ljouwert binne fûl op in feroaring tsjin. Hja fine dat in beslútfoarming oer it wizigjen fan nammen fan wenplakken net foarby gean mei oan de fraach oft it nut (it doel fan de feroaring) wol opwaget tsjin de maatskiplike effekten en de oerlêst -faken oer langere tiid- dy't oaren hjirmei oandien wurdt. Wy ferwize nei it brief, dat by de riedsstikken op besjen leit. Wy hawwe it brief foar advys foarlein oan it provinsjaal bestjoer. Deputearre Steaten hawwe ús dêrop de ried jun om ús mar net al te folie fan it brief oan te lûken. De gemeenteried, sizze hja, hat it foech de nammen fêst te stellen en oaren hawwe har der oan te hâlden, sûnder finansjele kleems lizze te kinnen. 4. It oerlis. De kommisje hat ek oerlis hân mei in trijetal ynstansjes. Dat binne de Nederlânske Spoarwegen (yn ferbân mei de stasjonsnamme Grou— Jirnsum), de A.N.W.B. 'yn ferbân mei de buorden) en de P.T.T. (yn ferbân mei de adresbestannen fan telefoan en girotsjinsten) De N.S. reagearje neutraal. Dat wol sizze dat men in riedsbeslút ôfwachtetmar dat dêrnei ek folgje sil. Men is ree om de namme te feroarjen, as de kosten dêrfan, dy't beheind bliuwe ta it fer oarjen fan de nammebuorden, foar rekken fan de gemeente naam wurde. By tafal binne de stasjonsnammebuorden ynkoarten dochs oanit ferfangjen ta. De Minister moat de nije namme goedkarre. De A.N.W.B. ferwachtet betizing, om't net alle A.N.W.B.-buorden yn ien kear feroare wurde kinne (te dj oer) en om't dyjinge dy't net yn Fryslân bekend is dan yn oare doarpen telane komme sil (tinkt er) as de A.N.W.B.-buorden oanjouwe. De A.N.W.B. wol ekstra kosten allinne meitsje, as de gemeente der goed foar is. Fan'e kant fan de P.T.T. waard gans mear tsjinaksele. De feroarings yn de adresbestannen binne net om'e nocht, net yn tiid en net yn jild. De gemeente kin him mar klear meitsje op in foarse dekla- raasje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 60