- 3 - 5. Oerwegings fan it kolleezje. Wy binne it iens, mei it advys fan de kommisje om (no noch) net de Nederlânsktalige strjitnammen te feroarjen. De neidielen (argewaasje en kosten) binne neffens ús grutter as it effekt, alteast op dit stuit. Mei it advys oangeande it fêststellen fan Fryske doarpsnammen binne wy it net iens omdat op basis fan de ynformaasje dy't no beskikber is (noch) net ta it ynfieren fan Fryske doarpsnammen oergien wurde kin. It advys fan de kommisje wize wy dus of, om't der net genôch ynformaasje is oer de miening fan de befolking (hat dy hjir wol ferlet fan en binne dy harren bewust fan de neidielen) en/of om't der dochs nei oanlieding fan de réaksjes fan de ferienings fan Pleatslik Belang fraachtekens set wurde kinne by it ferlet fan feroaring. Wy bliuwe it advys fan de kommisje ôfwizen, ek nei de gearkomste fan de earste ôfdieling fan 7 oktober lêstlyn (it ferslach leit by de riedsstikken)De ôfdieling wol no fuort wol in beslút nimme en dúdlikheid jaan. In grutte mearderheid is foar Fryske plaknammen. Wy binne der lykwols net fan oertsjûge, dat de befolking, dy't mei de gefolgen fan it beslút te krijen hat, hjir no sa'n ferlet fan hat. Wy wolle derby dúdlik stelle, dat wy op himsels net tsjin feroaring fan de nammen binne, mar dat wy as der sa'n beslút naam wurdt, graach witte wolle oft it draachflak dêrfan wol grut genoch is, benammen yn de doarpen, dêr't de namme yngripend fan feroarje soe. Noch dúdliker sein: wy soene de nammen net feroarje wolle om it Frysk en de Fryske kultuer te stypjen (alteast dat is net de wichtichste reden); wy soene wol ta Fryske nammen oergean wolle, as oannimlik makke wie, dat fierwei it grutste part fan ús ynwenners dat sa ha we. Wy wienen fan betinken dat fierwei it grutste part fan ús ynwenners yndied graach Fryske nammen hawwe woe, omdat hja yn tinken en fielen Frysktalich binne, mar wy binne wat skruten wurden fan de réaksjes fan de ferienings fan Pleatslik Belang en freegje ús no of oft wy de minsken ek eat optwinge, dêr't hja gjin ferlet fan hawwe. Dat wolle wy graach foarkomme. It soe mar in grutte reboelje jaan en de saak fan it Frysk (om dy ynfalshoeke no dochs mar even te nimmen) mear skea as goed dwaan. 6Utstel Om mear en better ynsjoch te krijen yn de miening fan de ynwenners, stelt ús kolleezje út om in (konsultatyfreferindum te hâlden, tagelyk mei de riedsferkiezings fan maart 1986. Op grûn fan it resultaat kin dan in neiere ôfwaging pleatsfine tusken foar- en neidielen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de loko-boargemaster P.H. Starreveld. D. van Gorkum.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 61