- 4 - De voorzitter antwoordt dat het gestelde onder 3.13 gezien moet worden als een antwoord op dat voorstel. De hear Bouma fynt it spitich dat syn útstel op dizze wize ôfdien wurdt. Benammen om't dat in hiel nij útstel wie. By de ynkommen stikken wiene fierder ek in stikmannich brieven oer dizze saak. Foar in andert dêrop wurdt ferwiisd nei dit punt. Yn dizze mei- dieling wurdt lykwols alhiel net op de ynhâld fan de brieven yngien. Likemin wurdt der op it eardere útstel fan de mearder- heid fan syn fraksje yngien. Der bestiet nochal wat ferskil fan miening oer dit punt neffens sprekker en dêrom is besocht dit punt op formele grûnen ûnder de tafel te wurkjen. Sprekker benadert dit sa om't hy fynt dat it op dizze wize mei- innoar omgean in boartsjen fan kolleezje mei ried is. Hy fynt dat in skrinende saak om't it doel dochs is de belangen fan de boargers sa goed mooglik te behertigen. By de útstellen dyt twa jier ferlyn dien binne oer de ferkearsmaatregels stie foarop dat it wengenot optimalisearre wurde moast. Yn it útstel fan it kolleezje fan foarige moanne waard alles wer oeral helle. Ut de enkête dy't yn de buert hâlden is, docht bliken dat 50% fan de bewenners de hjoeddeistige situaasje as posityf Qnderfine. Fan de oare 50% is de helte net posityf om't de besite net mear harren auto yn'e strjitte parkearre kin. De leste 25% ünder- fynt de situaasje as negatyf om't de auto's dy't dan noch wol yn de buert kommê te hurd ride. Oan de hân dêrfan kin men sizze hâld de situaasje sa't dy no is, mar nim dy beswieren wei. Yn de foarige gearkomste hat sprekker it útstel dien om foar dizze buert in 30 km-sône yn te stellen. Dêrmei wurdt oan it beswier fan it te hurd riden wat dien. Dan bliuwe allinnich noch de fergunnings foar it parkearen fan auto's oer. It P.v.d.A.-útstel is om njonken it hjoeddeistige fergunningensysteem oan alle adressen inparkearfergunning te jaan. Sprekker wol hjiroer graach de sjenswize fan it kolleezje hearre. Ek freget hy him of wat it kolleezje fynt fan it idee dat hy yn de foarige gearkomste foarlein hat oer de Paviljoenstrjitte nammentlik net parkearre yn dy strjitte, sadat fytsers en fuot- gongers der wer feilich fytse en rinne kinne. De hear Stallinga tinkt dat it kolleezje op grûn fan in neiere beskôging fan de enkête en de ynkommen brieven ta in oare kon- klúzje kommen is en dat dat yn de meidieling ta utering brocht is. Hy kin dêryn wol meigean. Hy fynt it lykwols in spitige saak dat dit net yn in apart útstel nei foaren brocht is. De hear Van der Baan seit dat it kolleezje by de begruttings- behanneling tasein hat dat nei it hifkjen fan de ferkearsmaat regels yn de wyk Easterfjild ek de ferkearsproblematyk fan hiel Grou bepraat wurdt soe. Ek soe dat punt dan yn de ôfdieling oan de oarder komme. Sprekker fynt it spitich dat it kolleezje syn tasizzings net nei komt. By it útstel fan de P.v.d.A. freget hy him of hoet in parkearfergunning per wente kontrolearre wurde kin. Soe it faaks net better wêze om de buert allinnich iepen te hâlden foar bestimmingsferkear? Wethâlder Breeuwsma kin wol begrip dat it de hear Bouma yn it foarste plak fernuvert dat dizze saak no yn in meidieling ôfdien wurdt. Sa fernuvert it kolleezje him. ek wolris oer it ferrin fan guon saken. It útstel fan it kolleezje fan de foarige kear is net út de loft fallen kommen. Der binne ynspraakjûnen hâlden en it is net altyd like maklik om in dúdlike útspraak út de ynspraak te heljen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 8