GEMEENTE BOARNSTERHIM 16. Utstel ta it fêststellen fan in tariedingsbeslút op grûn fan kêst 21 fan de Wet op de Romtlike Oardering foar it útfieren fan maatregels tsjin it slûpferkear op de Bûtlânswei en de Harstawei. Oan de ried. Grou,19 november 1985. Yn jimme gearkomste fan 18 juny 1985 is besletten maatregels te nimmen yn it ramt fan it projekt "Slûpferkear Bûtlânswei". De oanlis fan de kearlussen, sa hat it ús bliken dien by de fierdere tarieding fan de útfiering fan de maatregels, passé net alhiel yn it bestim- mingsplan (fan foarhinne Raerderhim). In part fan de kearlussen komt te lizzen op perselen dy't ornearre binne foar "agraryske doelen (gebiet II)" om't de streek grûn mei de bestimming "dyk" net breed genôch is. Om dy maatregels útfiere te kinnen, sil dizze planologysche behindering weinommen wurde moatte. Dit kin troch it jaan fan frijstelling neffens kêst 19 fan de Wet op de Romtlike Oardering. Dy proseduere kin lykwols net earder folge wurde as neidat jimme ried op grûn fan kêst 21 fan de Wet ope Romtlike Oardering besletten hat om te ferklearjen dat foar dizze perselen in bestimmingsplan(-wiziging) tarêd wurdt. Yn ferbân mei de fuortgong fan de útfiering fan de troch jimme ried fêststelde maatregels oangeande de ferkearsproblematiek op de Bûtlânswei en Harstawei, stelle wy jimme ried út in tariedingsbe- slút te nimmen neffens it by de riedsstikken lizzende ûntwerp-beslút en merkte tekeningen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 95