vw 14. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar fermannichfâldi- gingsapparatuer oan'e Juf Boerema- skoalle/Beukerhôf GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de ried Grou, 6 desimber 1985 Fan de direksje fan de iepenbiere basisskoalle "Juf Boeremaskoalle/ Beukerhôf" yn Akkrum, hawwe wy it fersyk krigen, om in kopiearapparaat oan te túgjen. Yn oerlis mei de meikediezingsried is in kar makke út in tal apparaten dy't geskikt binne foar skoalgebrûk. It apparaat dat men op it each hat moat sa'n 4.000,kostje. Mei dit bedrach bliuwt men in moai ein hinne Qnder de Ryksnoarmfergoeding foar fermannichfâldi- gingsapparatuer It punt is lykwols, dat de ried fan de eardere gemeente Utingeradiel yn syn gearkomste fan 26 april 1983, in ekstra kredyt beskikber steld hat foar it oantúgjen fan in stinselapparaat. No binne wy fan miening, dat in skoalle de kar hat út de kombinaasje stinselappa- raat/stinselynbrânapparaat of in kopiearapparaat. Om't mei in ekstra kredyt al in part fan de mooglike fermannichfâldigingsapparatuer oantúgd is, kin neffens ús gjin kopiearapparaat oanskaft wurde mei in folslein ekstra kredyt. Hoewol der op de skoalle al in ynbrânapparaat oanwêzich is, is dit apparaat net mei gemeente-jild oanskaft. It soe dus mooglik wêze, om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar it oantúgjen fan in ynbrânapparaatom't it om in earste ynrjochting hannelje soe. De skoalle hat lykwols mear belang by in kopiearmas j ineen men is ree om mooglik it jild dat eins ornearre is foar in stinselyn- brânapparaatoan te suverjen, sadat in kopiearapparaat oanskaft wurde kin. Wy binne fan miening, dat dizze mooglikheid der wêze moat en dat de gemeente de bydrage ôfhinklik stelt fan de Ryks-noarmfergoeding foar fermannichfâldigingsapparatuer Wy stelle jimme ried, dan ek út in bedrach fan 2.400,de b.t.w. hjiryn net beflapt út te lûken foar in kopiearapparaat foar de Juf Boeremaskoalle/Beukerhêf It bedrach is de helte fan it noarmbedrach fermannichfâldigingsappara- tuer Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 28