w 15. Utstel om meiwurking te ferlienen oan it bestjoer fan de RK-basis- skoalle "St. Martinus" yn Wergea in kopiearapparaat oan te túgjen en gjin meiwurking te ferlienen foar it oantúgjen fan in casettere- corder GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de ried. Grou, 6 desimber 1985. It bestjoer fan de stifting RK-basisskoalle Wergea/Warten en omkriten "St. Martinus" yn Wergea hat in fersyk dien om meiwurking te ferlienen neffens kêst 72 fan de Wet op it Basisûnderwiis (bedoeld wurdt kêst 74 WBU), foar it oantúgjen fan in kopiearapparaatMen is de miening tadien dat soksoarte apparatuer op in skoalle thús heart. In oare motivearring fan it fersyk is, dat benammen foar de wat lytsere basisskoallen it gebrûk fan in stinselapparaat nochal wat tiid mear freget as in kopiearapparaat. It tal te fermannichfâldigjen eksimplaren sil yn'e regel beheind wêze. Dit argumint pleitet sterk foar in kopiearapparaat. Fierders wol men graach in cassette-recorder oanskaffe as ûnderstiping fan it taalûnderwiisWy binne fan miening, dat gjin meiwurking ferliend wurde kin om in cassette-recorder oan te skaffen. Yn 1968 hat de ried fan de eardere gemeente Idaarderadiel alris meiwurking ferliend om in band-recorder oan te túgjen. Wy binne fan miening, dat de cassette-recorder út'e ferfangingsreservearring fan de band recorder betelle wurde moat. No't alris meiwurkig ferliend is om in bandrecorder oan te túgjen, is der nei ús betinken gjin romte mear, om meiwuking te ferlienen in cassette-recorder oan te skaffen. Oars stiet it mei it kopiearapparaat. Op dit stuit is der wol in stinselapparaat oanwêzich yn'e skoalle, mar dit apparaat is mei eigen middels oanskaft. Ek in stinselynbrânapparaat is yn gearwurking mei de iepenbiere basisskoalle fan Wergea oantúgd mei eigen middels. It ryksbekostigingsstelsel giet der fanút, dat fermannichfâldigings- apparatuer ta de noarmynrjochting fan in skoalle heart. Men hat derby it kar út in stinselapparaat en in stinselynbrânapparaat of in kopiearapparaat. It is dus it ien of it oar. It bestjoer fan de RK-basisskoalle hat har útsprutsen foar in kopiearapparaat. Omt<dit de earste kear is, dat meiwurking frege wurdt om sa'n apparaat oan te túgjen, is der neffens ús gjin behindering, de frege meiwurking te ferlienen. Gearfetsjend stelle wy jimme út: 1. gjin meiwurking te ferlienen om in cassette-recorder oan te túgjen, om't it om ferfanging giet; 2. wol meiwurking te ferlienen om in kopiearapparaat oan te skaffen, om't it hjir om in earste ynrjochting giet en de oanfraach foldocht oan de normale easken te stellen oan it jaan fan basisûnderwiis Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 29