- 6 - dy nammen foaral Hollânsk klinke moasten. In histoarysk fersin dat hjoed rjochtbreide wurde moat. It wie in ûnferantwurde died, út kultuer- histoarysk eachpunt. De bewenners fan Fryslân binne yn dy tiid oer de oantaasting fan har kultuerbesit nea rieplachte. Op 24 oktober 1985 hat de winner fan de Joast Halbertsmapriisde Fransman Lebecq, ús ferdútst hoe't de saken der hjir histoarysk hinne lizze. It wie in Frank dy't ûs fertelle moast, hoe't út it Grut-Fryske Ryk de Nederlânske Steat ûntstie. Op dy dei krigen de Friezen werom wat fan harren wie: harren eigen op wittenskiplik ûndersyk fundearre wiere skiednis, dy't folslein oars is as de Hollânske skiednisboekjes ús leauwe litte wolle en dy't de grutte betsjutting fan de Friezen yn dy tiid foar de wrâld beskriuwt. Ea begûn it Reveil fan de Fryske literatuer by de bruorren Halbertsma dy't harren oarsprong hiene yn Grou. Mûlk kinne wy de nammejouwing sjen as in aspekt fan in nij Reveil dat oer Fryslân komt en dat sûnder mis skaaimerken fan emansipaasje en sosjale striidberens yn him hat. Yn alle gefallen kin sein wurde, dat hjoed wer eat oan de Friezen werom jûn wurdt dat fan harren wie, no net troch in Fransman, mar troch de fertsjintwurdigers fan it folk seis. No't wy op it punt stean in beslút te nimmen oer de nammeferoaring sille wy al dy saken ôfwage moatte. De ried en it deistich bestjoer fan Boarnster- him hawwe oant tri je kear ta it belie dsfoarnimmen nei bûten brocht om de nammen te ferfryskjen. It is net sa mar in beslút. As fertsjinstwur- digers fan it folk - it Fryske folk - kinne wy hjoed net oars beslute as ta it feroarjen yn it Frysk. Dit beslút soe eins yn alle ienriedigens falie moatte omdat elk oar beslút it Frysk Qnderstek dwaan soe. Boppedat soe dêrmei oantoand wurde dat de politike fertsjintwurdigers fan ús gemeente harren histoaryske en kulturele ferantwurdlikens oankinne en dêrmei in taal wer mear takomst jouwe." De hear Stallinga seit dat it grutste part fan syn fraksje efter it útstel fan de P.v.d.A. stiet. Der moat wol hoeden mei omgien wurde. En der moat ynt each halden wurde hokker minsken der swierrichheden troch krije kinne. Hy fynt it fierder in hiele normale saak dat de doarpen de Fryske nammen krije dy't yn it deistich libben altyd brûkt wurde. It giet hjir om in stikje libbene kultuer dat behâlden wurde moat. Dat moat net keunstmjittich want dan bliuwt it dochs net lang yn stân. Der moat ynspile wurde op de situaasje fan it momint, sa as dit momint. Mefrou Watzema freget oft de gemeente ree is om wat te dwaan oan mooglike finansjele skea dy't foar bedriuwen Qnstean kin. Dat moat dan wol oantoand wurde kinne. Binne de ynwenners fierder ferplichte de Fryske plaknammen te brûken? Oan minsken dy't de gemeente oanskriuwe as 'Boornsterhem' wurdt frege om it adressebestân oan te passen, wylst de gemeente seis brieven ferstjoert yn sluven dêr't 'Boornsterhem' op stiet. Sprekster freget har of hoe't it dan straks mei de plaknammen komme sil. De foarsitter seit dat it kolleezje net, sa't de hear Van der Baan sei, fjouwer kear sein hat dat der Fryske plaknammen komme moasten. Der is in kommisje ynsteld dy't dat ûndersykje moast. Dy kommisje hat de ferienings fan pleatslik belang fan de doarpen frege om harren miening. De helte fan dy ferienings hat nea reagearre en de oare helte wie foar it grutste part negatyf. Foar it kolleezje spilen twa saken in wichtige rol. De winsk fan de ried om de plaknammen yn it Frysk te stellen en de ferantwurdlikens fan it kolleezje nei de minsken ta dy't yn de doarpen wenje. De mearder- heid fan it kolleezje wie yn it foarste plak fan betinken dat de minsken dy't de nammen yn it Frysk brûke, ek wol dy namme yn it Frysk skriuwe wolle soene. Dêr is men sjoen de reaksjes, wat op werom kommen en dêrom hat it kolleezje dizze fraach rjochtstreeks oan de minsken seis foarlizze wold troch middel fan in referindum. In bykommend foardiel is dan dat hjirmei ek net foarút rûn wurde hoecht op it taalbeliedsplan.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 10