- 7 - Fierders tinkt sprekker dat it Frysk en de Fryske kultuer net fergean sille as de nammen net yn it Frysk steld binne It is in goede saak dat de minsken seis oer dit punt heard wurde, dat oan harren útlein wurdt wêrom't dy nammen yn it Frysk wêze moatte. De sprekkers hawwe harren stânpunt fan út de ferskate ynfalshoeken be- ljochte. It is him lykwols noch net alhiel dúdlik hoe't de V.V.D. hjir oer tinkt. Fan de saaklike arguminten tsjin dit útstel is men net of as men it útstel oannimt sa't de hear Van den Berg dat ferwurde hat. It kolleezje hat him lykwols noch net beret op de fraach wat der mei mooglike jildlike kleems fan bedriuwen dien wurde moat. Der sil om tocht wurde moatte dat de skea foar de bedriuwen sa lyts mooglik bliuwt en dat de nedige fleksibiliteit yn de ynfiering fan de nammen wêze moat. Nimmen is ferplichte de nammen te brûken, mar by offisjele oangelegenheden sil dan de Fryske namme dochs wol opnommen wurde. Fierder fynt sprekker dat by de hear Van der Baan it nasjonalisme fan syn ferhaal ôfstriele. (De hear Van der Baan"Dan moatte jo wol efkes oanjaan wat dat wie"). Sûnder taal gjin folk. Op de fraach wannear't men dan Frysk is, binne ferskate antwurden mooglik. Sprekker tinkt dat dat êfhinget fan it oanfielen en dêrnjonken is it wichtich dat der ek in eigen taal is. Hy wol de ried yn oerweging jaan om it útstel dat de hear Van den Berg dien hat net te folgjen. De hear Van den Berg seit dat it yndied net rûn is as syn útstel oan- nommen wurdt. Oer de skea-oanfragen is hy fan betinken^ dat as - lykas al troch de provinsje sein is-de P.T.T. de skea net fan de gemeente fergoede hoecht te krijen, partikuliere bedriuwen dat ek net freegje kinne. Der moat net in uneigenlike situaasje fan skea-oanfragen ûntstean, om't der runom nammen feroare wurde, dêr't nimmen oer praat. Hooplik wurdt hjirmei de beweging op gong brocht om mear plaknammen wer yn harren oarspronklike taal te bruken. It giet der net om dat it no allinnich mar Frysk wurde moat, mar dit gebiet is twatalich en dêrom moatte de beide talen lykweardich behannele wurde. Mefrou Watzema freget har of as beide talen lykweardich binne, oft it dan ek better is om de plaknammen yn beide talen op te nimmen. De hear Van der Baan fielt him der wat oer rekke dat de foarsitter him ienige foarm fan nasjonalisme yn de skuon skowe wol. Yn it sintralistyske systeem fan ús lân komt noch tefolle it ien lân, ien folk, ien taal- prinsipe nei foaren, en benammen as der wat mear romte frege wurdt foar de Fryske taal. Sprekker giet der fanút dat alle folken, talen, kultueren, binnen hokker nasjonale grinzen ek, de romte krije. De krêft dêrfoar leit yn it federalisme, om't dat de romte jout oan de talen en de kultueren fan de folken. It kolleezje wol troch in referindum de befolking beslisse litte oer de nammen. Nei twa ieuwen fan ferstúthaspeljen fan de Fryske nammen sille by de befolking allinnich mar foaroardielen hjiroer libje. De oerheid is neffens him ferantwurdlik foar de taal en de kultuer. De oerheid sil de wei wize moatte foar it beskermjen fan taal en kulteur. Neffens sprekker moat dat it útgongspunt wêze. Dêrnei moat dan noch wol oan de befolking dúdlik makke wurde wêrom't it sa dien wurde moat. Hy hopet it fierder nochris te belibjen dat de minsken it frjemd fine dat men yn it ferline Hollânsk-talige nammen foar de plakken brûkte

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 11