- 8 - De hear Stallinga is it der mei iens dat Fryslân twatalich is. Hy tinkt dat de Friezen seis de Hollânsktalige nammen akseptearre hawwe. Dat kin as sleauwens sjoen wurde. It liket him ta dat mei it op'e nij ynfieren fan de Fryske nammen nimmen tekoart dien wurdt. It is in befêstiging fan wat wysels binne en dêr moat it hinne. De hear De Wolf seit dat it goed is dat yn in tiid fan ferflakking^ uniformearring en nivelearring de identiteit fan ien fan de âldste talen fan West-Europa dy't noch brukt wurdt, ûnderstreke wurdt. Dat kin û.o. troch formeel mear gebrûk te meitsjen fan de plaknammen sa't dy lokaal gebruklik binne. Sa'n saak leit emosjoneel gefoelich. Der binne ek gjin echte saaklike arguminten foar oan te fieren. Dat giet meastentiids lykop. Om hjiroer dan in referindum te hâlden sprekt him net oan. Dat freget in tige wiidweidige foarljochting fan de befolking. It liket him ta dat oare saken harren dêr better foar liene, bgl. it projekt Dearsum. Yn dizze tiid fan kompjûters, automatisearring en postkoades moat it feroarjen fan plaknammen net sa'n grut beswier wêze as guon wol tinke. De post wurdt troch de P.T.T. op postkoade selektearre en de plaknamme is net fan trochslachjaande betsjutting. Fierder komt men yn de tillefoan- boeken no ek wol ferwizings tsjin. It feroarjen fan strjitnammen liket him in folie grutter probleem. Fierder moat der yn de ried noch wol oer de plaknammen seis praat wurde. De praktyske brükberens moat goed besjoen wurde. Der moat in kar makke wurde út alle nammen sa't dy, ek fan âlds, bekend binne. Dat is noch nea goed bepraat. Sprekker leaut net yn twatalige plaknammen. Der is mar ien offisjeel fêststelde namme en dy lit him net oersette. Dat yn it spraakgebrûk sa'n namme noch wolris oars brukt wurdt is gjin beswier mar der moat formeel ien namme wêze. It kolleezje moat oan de befolking wol goede foarljochting jaan oer de praktyske en technyske kant fan de nammefer- oaring. It liket him ta dat de swierrichheden net sa grut binne as wol tocht wurdt. Dêrby hat de gemeente wol in stik beliedsfrijdom en sprekker hopet dat dy brûkt wurde sil by de útfiering fan it útstel sa't de hear Van den Berg dat ferwurde hat. Wethâlder Breeuwsma seit dat hy der tsjin is om de plaknammen te feroarjen. It kolleezje woe lykwols mei in ienriedich útstel komme en dêrom is der keazen foar it hâlden fan in referindum. It befoarderjen fan it Frysk stiet yn alle ferkiezingsprogramma's, mar dêrby tinkt sprekker oan hiel oare dingen as it feroarjen fan plaknammen. In referindum is fierder net konserfatyf. Sokke dingen binne noch oan de oarder fan de dei. Hy fynt fierder dat de hear Van der Baan wat te fier gien is mei syn praat oer it Fryske folk en Fryslân. Dat eltsenien him Frysk fielt yn ieren en sinnen is goed, mar dêr hoecht net sa oer trochdraafd te wurden. De F.N.P. is fansels de partij dy't foar dit soarte saken pleitet. (De hear Van der Baan: 'As jo dat fine, dan moatte jo my dy frijheid ek gunne Jo moatte net op in hurddraverskarre sitten gean. (De hear Van der Baan: 'Dat sil ik seis witte'). It jout te bot oan dat in part mar Frysk wêze soe en in oar part net. Eltsenien stiet wol efter it Frysk, mar by need moat men ek ree wêze om oars te praten. Men moat no net foarkomme litte as soe dit in fer- frysking wêze. Wethâlder Poppen is net foar it útstel fan de hear Van den Berg. Hy fynt dat de befoardering fan it Frysk net forsearre wurde moat. Dat wurdt wol dien mei it útstel fan de hear Van den Berg. Hy tinkt dat dat in gnau jaan sil oan it Fryske hâlden en dragen fan de minsken. As de minsken seis bepale kinne hokker plaknamme der komt, is dat folie

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 12