- 9 - mear in befoarderjen fan it Frysk. It kolleezje is fan betinken dat in plaknamme net safolle fan dwaan hat mei de kultuer. Mar as de kultuer bewarre bliuwe moat sil dat hoasfuotlings dien wurde moatte. Sprekker is der deabenaud foar dat der troch eat op te lizzen de hynders earlings foar de wein slein wurde. (De hear Van der Baan: 'Skandalich dat jo hjir yn twadde ynstânsje wat sizze, no kinne wy net mear reagearje'). De foarsitter konstatearret dat it foar en tsjin wat Qntaardet yn poer foar en poer tsjin. Hy tinkt lykwols dat it ien folk ien taal-prinsipedêr't de hear Van der Baan it oer hie, net ynhâldt dat der foar it Hollânsk gjin plak mear is. (De hear Van der Baan ljochtet ta dat fanút Den Haach wei dat prinsipe foarop stiet. Syn partij hat der altyd foar pleite dat der ek romte is foar oaren). Sprekker fynt fierder dat de hear Van der Baan de befolking wat te leech ynskat. Dêrút heart hy dat it kolleezje fan de befolking gjin goed oardiel ferwachtsje kin. It kolleezje achtet in referindum ek net in lichte saak. Dêr soe in goede foarljochting oer komme moatte en as it referindum tagelyk mei de ferkiezings hâlden wurde soe dan soe der ek fanút de politike partijen rûme stipe oan jûn wurde kinne. De hear De Wolf wie fan betinken dat better oer oare saken in referindum hâlden wurde kin. Dat fynt sprekker nét, om' t it hjir giet om in saak dy't alle ynwenners fan de gemeente oanbelanget. Hjirnei wurdt oergien ta stimming oer it útstel fan de hear Van den Berg om de plaknammen yn Boarnsterhim allinnich yn it Frysk fêst te stellen. Dit útstel wurdt oannommen mei 13 stimmen foar en 4 stimmen tsjin. De tsjinstimmen wiene fan mefrou Watzema en de hearen Breeuwsma, Van Gorkum en Poppen. Hjirnei ûnderbrekt de foarsitter om 18.35 oer de gearkomste. De foarsitter iepenet om 19.10 op'e nij de gearkomste. Hy seit dat de hear Stallinga behindere is dizze gearkomste fierder by te wenjen. Hjirnei stelt hy oan de oarder it punt: Regio-indeling Friesland. De foarsitter jout yn't koart wer, wat der oan't no ta bard is. Op grun fan de wet mienskiplike regelingen moat der in nije regio-yndieling komme, dy't fêststeld wurde sil troch Provinsjale Steaten. Yn't foarjier is der in mearderheids- en in minderheidsútstel kommen. Boarnsterhim hat him doe útsprutsen foar oansluting by it gearwurkingsferban Schoter- werven en dêrmei foar in ferdieling yn fjouwer regio's. Moarn sil dêr- oer noch in harksitting hâlden wurde om de ferskate stânpunten fan de gemeenten nochris te hearren. Yn de Schoterwerven wiene de léste tiid al wat swierrichheden op bestjoer- lik mêd. It wie net altyd like dúdlik hoe't der it beste meiïnoar wurke wurde koe. Yn de lest regioriedsgearkomste is de struktuernota nei de gemeenterieden werom stjoerd. De regioriedsleden wiene fan betinken dat earst de gemeente- rieden harren der oer bûge moasten en dêrnei pas de regioried. Guon kolleezjes woene dit stik, dat troch it deistich bestjoer skreaun wie, net yn behanneling nimme en mei in posityf adfys oan de gemeenteried foarlizze. De kolleezjes fan alle gemeenten hawwe doe byïnoar west. It like dat men it doe aardich iens wurde koe, mar yn de útwurking die bliken dat dat net it gefal wie. Der is doe in kommisje gearstald dyt de grûnslach fan it gearwurkingsferban nochris besjen soe. Dy kommisje hat ynfentarisearre yn hoefier de gemeenten noch ree wiene ta gearwurking.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 13