- 10 - De stânpunten wiene yn grutte linen wol gelyk, mar der wie te min betrouwen yn de realisearring fan de gearwurking. Op oanrieden fan de kommisje hat der fan'e middei wer in gearkomste west fan alle kolleezjes en dêrút die bliken dat der net genôch betrouwen mear wie foar fierdere gearwurking It kolleezje fan Boarnsterhim fynt dat tige spitich. Boarnsterhim wie der noch mar krekt by. Fierder wie de Schoterwerven in lyts gearwurkingsferbân en it kolleezje hie de hope dat der yn dat fermidden wolris wat mear mooglik wie as allinnich de wetlik opleine taken No't dat net mear mooglik is stelt sprekker út om moarn yn de harksitting nei foaren te bringen dat de foarkar útgiet nei oansluting by Noard op grun fan bestjoerlike en maatskiplike binings. Dêrmei slút de gemeente him oan by in grutskalige regio en de mooglikheid om yn mear saken gear te wurkjen as wetlik oplein, sil ta in minimum beheind wurde, neffens sprekker It is wol goed dat dêr no noer praat wurdt, sadat dúdlik is hokker stân- punt der moarn ferwurde wurde moat. De hear Van den Berg fynt it spitich dat it de fjouwer gemeenten net slagge is om ta oerienstimming te kommen. In regio is der foar om dy saken te regeljen dy't in gemeente allinnich eins net oankin. Op jildlik mêd jout dat ek in besparring. Der is yndertiid foar gearwurking keazen mei de Schoterwerven om't dat lyts en te oersjen wie en dat de gemeente dêr ek foar in grut part op oriëntearre is. Sjoen alle swierrichheden dy't der al west hawwe mei it by'ïnoar bringen fan alle taken fan de tri je âlde gemeenten, fynt hy dat it oer- bringen fan taken nei Noard tige hoeden barre moat. De hear Damsma seit dat dit te foarsjen west hie. Hy hat der ek hyltyd foar warskôge om net te gau by in regio oan te sluten. Syn fraksje is noch altyd fan betinken dat dizze grutte, bestjoerskrêftige gemeente net by in regio oansluten hoecht te wêzen. As der do'chs foar in regio keazen wurde moat, moat in kar foar Súd-West ek yn omtinken hâlden wurde. It wurdt no allegear wol grutskalich en sprekker hat grútsjen heard dat der plannen binne om Fryslân yn twa regio's te ferdielen. Dat hoecht foar him alhiel net. Dan soe it better wêze om de taken dy't de gemeenten net oan kinne oer te dragen oan de regio Fryslan. Sprekker fynt dat de kar foar Noard net te gau makke wurde moat. Der moat goed besjoen wurde hoe't it dan allegear moat. Hy is lykwols fan betinken dat in kar foar Noard wol better is as in kar foar Schoterwerven. De hear Terra fynt it spitich dat nei sa'n koarte tiid, nei't der in kar makke is foar Schoterwerven, dizze regio brekslacht. Dêrtroch is hy wol wat huverich wurden foar gearwurking yn in regio. Der sil wol net oan te ûntkommen wêze en dêrom tinkt hy dat it ferstannich is om sa min mooglik fan it takenpakket oan te nimmen. Besykje safolle mooglik taken seis te dwaan. As der in kar makke wurde moat, dan soe it foar Noard wêze moatte, om't de gemeente foar in grut part op Ljouwert oriëntearre is. Mefrou Aukes seit dat der yndertiid foar de Schoterwerven keazen is fanwege de lytsskaligens. Yn in lytse regio soe it faaks better mooglik wêze om de eigen identiteit te hâlden. De gearwurking is lykwols net slagge, miskien ek om't men it te profesjoneel oanpakke woe? Har fraksje is foar in regio dêr't de wetlik opleine taken útfierd wurde en dêr't allinnich ekstra taken dien wurde dy't troch de gemeenten oanjûn wurde en net dy't fan boppe óf oplein wurde. It kiezen foar in regio bliuwt dreech foar Boarnsterhim om't dizze gemeente krekt yn't midden fan Fryslan leit en yn feite alle kanten op kin. Sprekster wol fierder in kar foar

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 14