- 11 - Súd-West net fuort útslute. As by dy oansluting it betingst makke wurde kin dat der in goede busferbining mei Snits komt en dêrtroch de Bûtlânswei net feroare wurde hoecht, dan fielt hja dêr ek wol foar. Hja wol it kolleezje noch mei jaan dat der in kar makke wurde moat foar dy regio, dêr't de gemeente himsels bliuwe kin en dêr't net mear moat as wetlik oplein is. De foarsitter tinkt dat der by de riedsleden noch in misbegryp is. De gemeenten stelle de regioyndieling net fêst, mar Provinsjale Steaten. De gemeenten wurde heard. Der hat in eardere útspraak west en moarn wurde de gemeenten wer heard. Der fait neat te ûnderhanneljen. De miening fan de gemeente kin allinnich mar kenber makke wurde. Dan moat men mar hoopje dat dêr by de beslútfoarming safolle mooglik rekken mei hâlden wurdt. Boarnsterhim kin noch alle kanten op, allinnich is de gemeente te lyts om seis in regio te wurden. Gearwurkjen yn lyts ferbân hat bliken dien, is dreech, mar gearwurkjen mei alle gemeenten yn Fryslân is ek net maklik as men bgloan OLAF of wenweinskip tinkt. Utsein de taken dy't wetlik troch de regio útfierd wurde moatte, is it it foech fan de ried om oer alle oare taken te besluten oft dy al of net yn regioferbân útfierd wurde moatte. It liket sprekker it béste dat earst êfwachte wurdt by hokker regio de gemeente yndield wurdt. Oan dyjingen dy't harren noch net dúdlik útsprutsen hawwe freget er om dat wol te dwaan, sadat dat moarn ek op de harksitting nei foaren brocht wurde kin. De hear Van der Berg tinkt dat as der ienriedich optreden wurdt nei bûten ta dat it miskien wol mooglik is om wat ynfloed út te oefenjen op de regiokar. It giet der yn feite om dat taken dy't de gemeenten net seis útfiere kinneyn 'verlengd lokaal bestuur' útfierd wurde. As dy taken op provinsjaal mêd útfierd wurde soene, dan soene de gemeenten dat út hannen jaan en dat is it doel net. Fierder tinkt sprekker dat men yn de Schoterwerven al foarút rinne woe op dat wat de nije wet mienskiplike regelingen freget. Hy is fan betinken dat wat der no mei Schoterwerven bard is, oer in pear jier ek bart mei de regio dêr't de gemeente no oansluten wurde sil. It sil dan sa wêze dat de mearderheid beslist. Spitigernêch koe men dêr yn de Schoterwerven net goed mei omgean. It gefaar driget dat dat yn de nije regio ek sa wêze sil. It liket sprekker, sjoen de Fryske situaasje en de jildfer- parting troch Den Haach, wol goed dat keazen wurdt foar oansluting by Noard. Hooplik kin der jûn in ienriedige útspraak komme, dy't moarn by de harksit meinommen wurde kin. De hear Van der Baan is der bang foar dat nei ferrin fan in pear jier bliken docht dat de regio Súd-West te lyts is. Hoewol't hy leaver foar oansluting by dy regio kieze woe, liket it him ferstannigersjoen de ferwachtingsdat Boarnsterhim him oanslút by Noard sadat net it risiko run wurdt dat men oer in pear jier wer nei in oare regio moat. It noasket de hear De Wolf net dat hy no wol in útspraak dwaan moat, wylst der te min gegevens binne om in goede êfwaging te meitsjen. Hy wol dat dan ek net dwaan. It sit him tige dwers dat it provinsjaal bestjoer net fuort by de gemeentlike weryndieling in nije regio-yndieling klear hie. Hja wiene dêr wetlik net ta ferplichte mar it hie al better west. Dit jout allegear ekstra kosten en argewaasje. It liket him ta dat de weryndieling noch mar ris oer dien wurde moat en dat der dan ien gemeente Fryslân ynsteld wurde moat. It provinsjebestjoer soe dan op itselde nivo funksjonearjen bliuwe kinne as dat it no funksjonearret It grutte foardiel soe wêze dat men kwa ynwennertal de gemeente Amsterdam aardich benei komt en dan soe Fryslân jierliks in miljard mear krije te fertarren. Dat soe folie better wêze as de foai dêr't men yn de ûnder-

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 15