- 12 - hannelingen mei Den Haach yn de léste tiid mei ôfskepe is. Lykwols sil it der wol net fan komme, mar sprekker wegeret om no in útspraak te dwaan oer in regiokar. De hear Terra bliuwt ek huverich foar in útspraak. Hy tinkt ek dat it net folie útmakket. Lykwols hat syn fraksje in lichte foarkar foar Noard, mar hy hat der in swier moed op dat it wat jaan sil. De hear Damsma seit dat syn foarkar útgiet nei Súd-West. Der is praat oer in lytse regio. Op dit stuit is Súd-West de lytste dy't der by is. Geografysk sjoen heart dizze gemeente ek alhiel by dy regio. Dêrom is dat foar him earste kar en dêrnei krekt Noard. Mevrouw Aukes zegt ter verduidelijking dat aansluiting bij Zuid-West alleen onder bepaalde voorwaarden door zou kunnen gaan. Verder heeft zij geen uitgesproken voorkeur en wil zij zich bij de woorden van de heer De Wolf aansluiten. De foarsitter is it mei de hear De Wolf iens dat der net in protte gegevens binne om in ôfwaging te meitsjen. Lykwols as der alhiel net wage wurdt dan sille oaren dat dwaan. Dêrom jout hy der de foarkar oan om mei dy pear gegevens wol in ôfwaging te meitsjen. It kolleezje is frij ienriedich fan betinken dat oansluting by Súd-West mear swierrich- heden jaan sil as oansluting by Noard. Sprekker konkludearret dat de mearderheid him útsprekt foar oansluting by Noard en dat in minderheid gjin útspraak dwaan wol yn ferbân mei de te koarte tiid fan tarieden. Dat sil moarn sa op de harksit ferwurde wurde 5. Voorstel tot verkoop van het voormalig gemeentehuis te Rauwerd. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 5a. Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbesluit op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening ten behoeve van het voormalige gemeentehuis te Rauwerd. Alsvoren. 6. Voorstel tot verpachting van landerijen aan mevrouw Burggraaff. Alsvoren. 7. Voorstel inzake aanbieding rekeningen gasbedrijven U.R.I-gemeenten over het jaar 1983. Alsvoren. 8. Voorstel tot het verlenen van een subsidie aan Plaatselijk Belang Roordahuizum voor een trapplateaulift De hear Van der Baan is fernuvere en ek wol wat lilk oer de reaksje fan de gemeente op de oanfraach fan Pleatslik Belang Roardhuzum, dat de gemeente der net ferantwurdlik foar is dat kafees tagonklik makke wurde moatte foar mindervaliden. Der gie it alhiel net om. It doel wie dat de iennichste romte dy't Roardhuzum hat foar it organisearjen fan allerhande aktiviteiten tagonklik makke wurde soe. Dy útspraak moat troch it kolleezje op syn minst rjocht lutsen wurde, fynt sprekker. It is fierder net in goede saak dat de mindervaliden wer ôfhinklik makke wurde fan woldiedigensDe gemeente kriget al in subsydzje fan 10.000,=

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 16