- 13 - fan it Nasjonale Revalidaasje Fûns. Om't dy minsken der dochs ek by hearrefynt sprekker it in goede saak om de leste 3.200,= folslein te subsidiëarjen. Hy makket der in útstel fan. Mefrou Watzema stipet it útstel fan de hear Van der Baan. It liket har in goede saak dat der no ris temjitte kaam wurdt oan de minsken dy't oars al safolle misse moatte. De hear Terra is net foar it útstel fan de hear Van der Baan, om't dit in ynfestearring is yn in pân dêr't gjin gehandikapten wenje, mar dêr't sa no en dan wolris guon komme. It giet om in bedriuwspân en sprekker tinkt dat it net ferkeard is dat de eigner der seis ek wat yn stekt. De foarsitter seit dat net de gemeente mar in partikulier in subsydzje kriget yn in foarsjenning dy't te brûken is troch mindervaliden. It giet om in ynfestearring yn in bedriuwspân Om't dit dochs in goed inisjatyf fanút de befolking is hat it kolleezje besletten om foar in part yn it tekoart by te dragen. De betreffende eigner hat foardiel by dizze foarsjenning en dêrom fûn it kolleezje it net ferkeard dat ek hy in bydrage yn de kosten jaan soe. De brief, dêr't de hear Van der Baan oer praat, wie in earste reaksje en sprekker hopet dat dy brief troch it foarlizzende útstel rjochtlutsen wurdt. Fierder is it foar de gemeente folslein net mooglik om alle gebouwen foar mindervaliden tagonklik te meitjsen sûnder stipe fan de befolking. Mefrou Watzema kin har net foarstelle hokker foardiel de kafeehâlder fan dy lift hawwe kin, oars as miskien ris in kretsje drinken omheech hevel je. It giet der om dat minsken dy't oars net boppe komme koene, der no wol komme kinne. As der oars gjin plak is dêr't wat organisearre wurde kin, dan sjocht sprekster dit net as in ynfestearring yn in partiku lier bedriuw. Op dit stuit hawwe de mindervaliden, neffens de hear Van der Baanyn Roardhuzum gjin mooglikheden om oan it sosjaal-kulturiele libben mei te dwaan. Yn it doarp is gjin doarpshûs, oars hie dêr dizze foarsjenning troffen wurde moatten. Hy sjocht de foardielen fan de kafeehâlder net. Der binne mear neidielen. Mindervaliden nimme mear plak yn troch it meastentiids brûken fan rêlstuollen. It giet der hjir om dat de mienskip it harren dochs mooglik makket om oan it sosjaal-kulturiel libben mei te dwaan. Mefrou Bloem fynt it dreech om oer foar- en neidielen foar de kafeehâlder te praten. It giet hjir om in útwreiding fan de tsjinstferliening. Dan moat der net praat wurde oer plakken dy't troch mindervaliden ynnommen wurde. Hja is bliid dat de gemeente ree is om hjir stipe te jaan. Dat hoecht net in 100% subsydzje te wurden. Hja is it dêrom iens mei it útstel fan it kolleezje. De foarsitter seit dat it sosjaal-kulturiele libben yn Roardhuzum him net allinnich êfspilet yn dizze boppesealDer binne noch trije oare plakken dêr't men ek telâne kin. Fan dy tri je is ien in boppeseal en miskien moat dy ek wol oanpast wurde. It liket sprekker net goed dat de gemeente it tekoart alhiel subsidiearretDer mei bést ek fan de eigner wat frege wurde Hjirnei wurdt oergien ta stimming oer it útstel fan de hear Van der Baan om 3.200,= beskikber te stellen. Dit útstel wurdt êfwiisd mei 5 stimmen foar en 11 stimmen tsjin. De tsjinstimmen wiene fan de dames

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 17