- 14 - Bloem, A. en S. Zijlstra en de heren Van den Berg, Bethlehem, Bouma, Breeuwsma, Van Gorkum, Nieuwdam, Poppen en Terra. Vervolgens "wordt zonder hoofdelijke stemming conform het collegevoorstel om 1.600,= beschikbaar te stellen, besloten. 9. Voorstel tot het benoemen van een lid van de 3e en van de 4e afdeling van de raad. De dames A. Zijlstra en Watzema en de hear Van der Baan foarmje it stimburo. De foarsitter underbrekt om 20.00 oere de gearkomste foar it tellen fan de stimmen. De foarsitter iepenet de gearkomste op'e nij om 20.05 oere en freget nei de útslach fan de stimming. De hear Van der Baan seit dat der 16 stimmen útbrocht binne op de hear Stallinga en 15 stimmen op de hear Terra en 1 stim blanko. De foarsitter konkludearret dat dêrmei de hear Stallinga beneamd is yn de tredde ôfdieling en de hear Terra yn de fjirde. 10. Voorstel tot het beschikken over herbezettingsgelden ten behoeve van personeelsformatie. Mefrou Watzema freget oft dit útstel net in moanne oanhâlden wurde kin. Hja hat gjin sicht op de personielssituaasje en dat is hyltyd wol tasein. Der sil nije wike in personielslist yn de earste ôfdieling oan de oarder steld wurde en dêrom woe sprekster dat graach ôfwachtsje. De hear Van der Baan kin him yn grute linen wol fine yn wat mefrou Watzema sein hat. It is sa net dúdlik wêr't de tükelteammen sitte. Der geane by guon tsjinsten lykas de plantsoenetsjinst, wol minsken fuort, mar der komme gjin nijen by. Dat kin gefolgen hawwe foar it oansjen fan de gemeente. Oer it generaal moatte der net tefolle minsken ferdwine en men moat hoeden wêze mei tydlike krêften. Sprekker is it mei mefrou Watzema iens dat nei it petear yn de earste ôfdieling better besjoen wurde kin hoe't de situaasje der hinne leit. De hear Nieuwdam tinkt dat dit in gefolch is fan de wurktiidferkoarting, dy't der foar soargje moat dat der mear minsken oan in baan holpen wurde kinne. Dit is der in goed foarbyld fan. Troch Den Haach wurdt jild beskik- ber steld en dat moat dan ek brûkt wurde om nije banen te kreëarjen.Dat stiet los fan de diskusje oer de personielsbesetting. Dit is in prinsi- pjele saak. Hy wol it kolleezje dan ek in komplimint jaan foar de wize wêrop dy it jild brûke wol foar nije banen. De hear Terra seit dat dit jild yndied brûkt wurde moat foar it meitsjen fan nije banen. Dêr is de wurktiidferkoarting ek foar bedoeld. Hy fynt it in hiele goede saak dat de gemeente it op dizze wize oanpakke wol. Wethouder Poppen vraagt zich af waarom de mensen die er om gevraagd hebben geen personeelslijst gekregen hebben. Verder heeft het college inderdaad gedacht dat het geld dat in het kader van de arbeidstijdver korting verkregen werd, ook voor herbezetting gebruikt moet worden. De ideale personeelsbezetting staat daar los van. De foarsitter heakket dêr oan ta dat it in prinsipiële steilingname is dat jild dat troch wurktiidferkoarting krigen wurdt, bestege wurde

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 18