- 16 - 13. Voorstel tot het wijzigen van de algemene politieverordening Boarn- sterhim (standplaats- en ventvergunningen). De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje it wol iens is mei de ynhâld fan de oardering. De belangen fan de pleatslike middenstan wurde foldwaande behertige. Alle groepearringen dy't it oanbelanget, binne op'e hichte steld fan dizze wiziging. Der binne gjin reaksjes op kaam en dat hâldt yn dat hja it der wol mei iens binne. Oangeande de fêste stânplakken dy't útjûn wurde foar ien dei, of in part fan in dei, tinkt sprekker dat dat yn de praktyske útfiering noch wolris swierrichheden jaan kin, om't der in bedrach fan 1.000,= frege wurdt. Yn de omlizzende gemeenten wurdt hjirfoar in leger taryf hantearre en dêrom freget sprekker út namme fan syn fraksje oft it kolleezje dat bedrach fan 1.000,= oanpast, as bliken docht dat dêrtroch stânplak- hierders fuort bliuwe. De foarsitter seit dat 1.000,= miskien wol heech is, mar it is ek net it doel dat stânplakhierders fergees in plak krije. Lykwols is it kolleezje wol ree om yn de gaten te hâlden hoe't de útjefte him ûntjout. Der is besocht om in lykwicht te finen tusken pleatslike middenstan en stânplakhierdersAs bliken docht dat der gjin kreamen mear yn de gemeente komme, dan is wol dúdlik dat dit syn doel foarby sketten is. De hear Bethlehem fynt dat wat in frjemd andert fan de foarsitter. Hâldt dat yn dat as der ien as twa kreamen binne dat de priis dan gelyk bliuwt en as der alhiel gjin kreamen mear binne, dat dan de priis op'e nij besjoen wurde sil? De foarsitter seit dat it fansels yn ridlikens besjoen wurdt moat. It is ek net sa dat as der ien as twa kreamen mear komme, dat dan de priis op 1500komt Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 14. Voorstel met betrekking tot het beroepschrift van G.J. Klein Brinke te Terhorne tegen weigeren verlof verstrekken alcoholvrije drank in croissanterie te Terhorne Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 15. Voorstel inzake bezwaarschrift industrie- en middenstandsgroep leef baar Irnsum tegen uitvoering verkeersmaatregelen. De hear Damsma kin him alhiel fine yn de útgongspunten dy't neamd binne yn it brief fan de gemeente Snits, dy't ek by dit punt belutsen is. As de útfiering fan de maatregels by de bestimmingsplanwiziging oan de oarder komt, dan sil sprekker dêr tsjin stimme. Hy is net tsjin dit útstel De hear De Wolf seit dat troch de wurkgroep 'Leefbaar Irnsum' yn in brief fan 3 juny frege is wat de beropsmooglikheden hjirtsjin wiene. Dêr is telefonysk op reagearre dat hjir AROB-beswier mooglik wie. Yn de AROB-kommisje is nei it ynkommen fan it beswierskrift útlein dat hjir gjin AROB-beswier mooglik wie. Sprekker freget him of wêrom sa'n brief net skriftlik beandere wurdt. Fierder freget hy him of wêrom der earst wol sein is dat men AROB-beswier yntsjinje koe, wylst letter fêst- steld wurdt dat dit net as AROB-beswier untfanklik is. Fierder is it net allinnich in beswierskrift, mar der stiet ek in fersyk yn. It kolleezje docht dat yn it útstel wat al te licht of. It liket

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 20