- 17 - him ta dat as der fanút de befolking in fersyk komt om in beslút ope nij te besjen, mei dêrby in dúdlik ferhaal wêrom't men dêr om freget, dat sa'n fersyk net of dien wurde kin op de wize sa't it kolleezje dat wol yn dit útstel dien hat. Der hat, sa't de wurkgroep stelt, yndied gjin ôfwaging west fan de ekonomyske gefolgen of de gefolgen foar it miljeu. Fierder wiene der oant in wike ferlyn, noch gjin útwurking fan de maatregels sa't dy oannommen binne. Ek is sprekker benijd nei de subsydzje dy't hjirfoar oanfrege wie. Dy subsydzje is oanfrege yn it ramt fan de BREV (Beschikking Rijksbijdragen Experimenten in Verblijfsruimten)Dy regeling is der lykwols op rjochte om de ferkearsfeiligens fan fuotgongers en fytsers yn de beboude kûm te ferheegjen troch werynrjochting fan iepenbiere romten en ferbliuws- romten. It liket him ta dat de gebieten dêr't it om giet net as beboude kûm oanrikkemandearre wurde kinne en dêrom liket him de kans op subsydzje op grün fan dy regeling ek net sa grut. De gemeente Snits fiert in tal arguminten oan dêr't men ek net omhinne kin. Ut de stikken docht fierder bliken dat it grutste part fan de Ongemakken krúspuntûngemakken binne. Dy kinne foar in wichtich part foarkommen wurde troch it pleatsen fan stopbuorden. Sokke buorden binne no ek by de krúspunten yn de Bûtlânswei pleatst en sprekker tinkt dat mei wat tafersjoch sa no en dan, it doel dat men hat, berikt wurde kin. De Ongemakken dy't op de rjochte stikken barre, binne meastentiids iensidige Ongemakken, d.w.s. dat der mar ien auto by belutsen is. De bjirmen binne dêr tige sêft en as men dêr yn rekket giet it samar mis. In oplossing soe wêze om oan de kanten pún te struien sadat wer in part fan de Ongemakken foarkaam wurde kin. Al mei al tinkt sprekker dat it kolleezje de maatregels dêr't ta besletten is nochris yn oerweging nimme moat ek om't de plannen om de dyk fan óf Snitserhoeke troch te lûken oant de rykswei Ljouwert-Hearrenfean, fêstere foarmen begjinne te krijen. Hy stelt dan ek út om it kolleezje-útstel yn te lûken, dizze saak oan te halden oant it trochlûken fan de niisneamde dyk klear is en yntusken oare maatregels ris goed te besjen sa as it oanlizzen fan goedkeape fytspaden. Dêr moatte ek wol konstruksjes foar te betinken wêze. Mefrou A. Zijlstra seit dat dizze dyk bestimd is foar agrarysk-, rekreatyf- en fytsferkear. Dizze weigebrûkers fiele harren dêr net feilich op dy dyk. De agrariër kin dêrtroch tiidferlies hawwe en dat kin Onkosten meibringe. De fytsers binne alhiel net feilich, dy wurde gewoan fan de dyk riden. Dizze dyk is in B-dyk en dêr meie gjin frachtauto's komme, útsein bestimmingsferkearIt is min te kontrolearjen as in frachtauto dêr al of net komme mei, om't de measte frachtauto's in Ontheffing hawwe. Fierder sil it trochluken fan de wei fan Snitserhoeke nei de rykswei Ljouwert-Hearrenfean in geunstige útwurking hawwe op it ferkearsoanbod op de BûtlânsweiDe kearlussen op de Bûtlânswei binne bedoeld as eksperimint. De oanbefelling fan it K.N.O.V. om it fytsferkear oer Abben- wier te lieden moat neffens sprekster net folge wurde, om't dêr ek boeren mei harren grut materieel fan hjoeddedei op in paad binne. Dy dyk is noch smeller en dus soe it foar de fytsers noch gefaarliker wurde. It oanlizzen fan in fytspaad njonken de Bûtlânswei soe op dit stuit sa'n 2 3 miljoen kostje moatte. Sprekster freget har of wa't dat betelje kin. Ek wurdt de oanbefelling jûn om in maksimum snelheid yn te stellen. Dêr moat de nedige kontrêle dan op útfierd wurde en it liket har ta dat de polysje dêr net de measte tiid foar hat. Rydbaanfersmellings sille ek net it winske resultaat jaan, om't de minsken op de tusken- lizzende parten dochs like hurd riden bliuwe. De kosten fan dy fersmel- lings berinne as der seis oanlein wurde, al gau twa ton. It K.N.O.V. is lykwols fan betinken dat de weigebrûkers kieze sille foar de rykswei om't men dêr goed trochride kin en om't it dochs mar trije minuten langer is. Utgongspunt is foar harren: tiid is jild. Dêroan wurde de minsken

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 21