- 18 - en de feiligens Qndergeskikt makke. Ek de ekonomyske belangen wurde dêr ûndergeskikt oan makke Yn Offenwier binne dykfersmellings oanlein, mar it docht bliken dat as der gjin oar ferkear is, dat auto's dêr dochs mei hege snelheid troch- hinne ride. Komt der al in tsjinlizzer oan dan wurdt meastentiids de snelheid ek wat opfierd om't men graach as earste by de fersmelling wêze wol. Dy situaasje is dus ek net minder gefaarlik wurden. De gemeente Snits hoecht der fierder net benaud foar te wezen dat der gjin iepen ferbinings mear mei dy stêd bliuwe. De ryskwei 354 is der en de Bûtlânswei bliuwt iepen foar alle ferkear, allinnich moat men wat mear tiid nimme. It rapport fan it K.N.O.V. is foar sprekster gjin oanlieding om de maat regels nochris op'e nij te besjen. Wol liket it har goed om dúdlik oan te jaan dat it hjir om in eksperimint giet en dat nei in jier besjoen wurde sil wat de resultaten binne. Fan de ynspeksje fan de ferkearsfeiligens is fierder in brief ynkomd, dêr't yn stiet dat slûpferkear buten de beboude kûm ek wol yn de regeling yn te passen wêze sil. Dat sil wol dreech wêze, mar net Qnmooglik. Sprekster hopet dat dat ek mei helpe sil om it plan op koarte termyn te realisearjen. De hear Terra hat in pear fragen oer saken dy't yn it K.N.O.V.-rapport steane. Yn de konklúzjes stiet dat der in strange kontrêle komme moat op de maksimumsnelheid. Hy tinkt dat dat net folie helpe sil. Fierder wurdt de suggestje dien om de wei smeller te meitsjen op plakken en om ferkearsdrompels oan te lizzen. As dy fersmellings op deselde wize oanlein wurde moatte as yn Offenwier, dan hat it neffens sprekker net folie sin. Giet it om gruttere stikken dan soe dêr miskien wat foar te sizzen wêze. Ek wurdt oanjûn yn it rapport dat it bedriuwslibben syn meiwurking hjiroan jaan moatte soe. Der stiet net by hoe't dat dan barre moatte soe en dêr is sprekker wol nijsgjirrich nei. Hy sjocht de beswieren fan de winkellju yn Snits net. De minsken dy't op Snits oriëntearre binne, sille dêr wol kommen bliuwe. Hat men al in hekel oan de kearlussen yn de dyk dan sille de minsken wol foar de rute oer de ryskwei kieze, tinkt sprekker. Der binne foar him dan ek gjin oer- wegings om dit plan net útfiere te litten. Mevrouw Aukes denkt dat het een goed idee is om over deze zaak een boek te schrijven in het Fries: de ferhanneling oer de Bûtlânswei, dat in het Nederlands te vertalen: de verhandeling over de Buitenlandseweg, en dat uit te geven en de opbrengst daarvan te gebruiken om alle idiote ideëen over het aanpassen van die weg uit te voeren. Dan zou men in één keer van het gezeur af zijn. Want het is volgens spreekster een gezeur zonder eind. De foarsitter betanket mefrou Aukes foar har suggestje. It liket him goed dat der op de omslach dan in foto komt fan hoe't de útwurking is, dan ferkeapet it boek miskien noch better. Hy is it wol mei mefrou Aukes iens dat dit wat in geseur sunder ein is. Dat komt lykwols om't men it net iens wurde kin en elts besiket dan syn gelyk te krijen. De hear De Wolf hie frege nei de reaksje op it brief fan de wurkgroep 'Leefbaar Irnsum'. Dat brief is yndied telefonysk beandere. In AROB-berop kin yntsjinne wurde, mar dan moat noch besjoen wurde oft it ûntfanklik is en dat kin de amtner dy't der oer skille hat, net witte. Dat wurdt troch de kommisje besjoen en oan de ried adfisearre. De ried jout oan oft it Qntfanklik is of net. Dat kin net op foarhân troch in amtner bepaald wurde. De fraach om heroerweging is miskien wat licht êfdien, mar der binne út de harksit en de êfdielingsgearkomste gjin nije eleminten nei foaren kaam, op ien ding nei. Dat wie it trochlûken fan de rykswei fan de Snitserhoeke oant de dyk Ljouwert-Hearrenfean. Tsjin de tiid

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 22