- 19 - dat dy dyk troch lutsen wurde sil, hopet sprekker dat de kearlussen al jierren fertuten dien hawwe. It beropsferkear sil mei it trochlûken fan dy dyk in wat bettere ferbining krije mei Snits. De kearlussen binne lykwols bedoeld om it lokale ferkear tusken Grou-Jirnsum en Snits oer de ryskwei te lieden. Der wurdt yn de ried wolris wat te detaillistysk praat en dat jildt yn dit gefal foar de pealtsjes dy't der komme moatte. Sprekker is der fan oertsjûge dat dy der wol op tiid komme sille. Oer it subsydzje is ek noch neat bekend en dat kin wolris te witen wêze oan it feit dat guon groepearrings ek de provinsje skreaun hawwe oer dizze saak en der ek in beropsproseduere begûn binne. Foar dit gefal is der yn de BREV-regeling in spesifike útsûndering makke en dêr is sprekker tankber foar. Yn de brief fan Snits binne ek gjin nije eleminten fûn om fierder oer te praten. Sprekker freget him of oft de ried wol in beslút nommen hat om stop- buorden by de krúspunten yn de Bûtlânswei te pleatsen. Der wurdt net kontrolearre oft de minsken dan ek stop je en hy tinkt dat dat net it gefal wêze sil. De groeden by de dyk lans sille yn de gaten hâlden wurde. Ferline jier binne alle bjirmen ophege, mar de grûn is dêr yndied weak. Mei it K.N.O.V. hat in petear west oer harren rapport, mar men koe net ta oerienstimming komme. Der binne ideëen oer de rydbaanfersmelling en de krúspuntferbettering oandroegen, dy't al earder yn de kommisje bepraat wiene, mar dy't gewoanwei net helber binne, om't der net genôch jild foar beskiksber steld wurde kin. It útstel dêr't it hjir om giet is it maksimaal helber foar de Bûtlânswei Sprekker tinkt fierder dat it bedriuwslibben dat belang hat by maatregels op dizze dyk, net faak heard wurdt. Dat binne de boeren dy't fan dizze dyk gebrûk meitsje en dy hawwe hjir wol baat by. De hear De Wolf is fan betinken dat it better is dat as it kolleezje in brief oer juridyske saken binnen kriget, dat dy skriftlik êfdien wurdt. Hy moat tajaan dat yndied net op foarhân sein wurde kin oft in beswierskrift ûntfanklik ferklearre wurde sil Fierder is it maklik te kontrolearjen oft in frachtwein bestimmingsferkear is. In frachtwein hat, altyd in frachtbrief mei de bestimming der op en dan is gau te sjen oft de sjauffeur ferkeard is of net. As dat skerp kontrolearre wurdt dan is it gau genêch bekend dat men dêr better net mear lâns kin. It grutste probleem liket sprekker ntl. de ûnderhâldskosten fan dy dyk. Dy wurde feroarsake troch tefolle swier ferkear. Dêr kin in gemeentebestjoer maklik wat oan dwaan. Fierder is it net needsaaklik om jin mei details te bemuoien, lyk as de wippealtsjesDochs is it de riedsleden frij om dêrnei te freegjen en yn dizze saak is it in hiel wêzentlik detail. Sprekker moat der in bytsje om laitsje as der sein wurdt dat de boeren harren op dy dyk bedrige fiele troch it oare ferkear. It liket him ta dat it krekt oarsom is troch al it grutte materieel dêr't de boeren altyd mei ûnderweis binne. It punt miljeu, dat oars altyd tige wichtich is, wurdt samar oan de kant lein, wylst troch dat eintsje omriden der dochs mear brânstof fer- brûkt wurde sil. Yn Dearsum sil it ferkear tanimme mei 25%. Dat liket him net befoarderlik foar de feiligens, boppedat sil, nettsjinsteande alle belemmeringen, dochs it ferkear troch de doarpen fan de Legeaen tanimme. As dit plan trochsetten wurdt dan tinkt sprekker dat der njonken de Terhernster poasken en de Boarnster tuorkemjitters ek noch de Boarnster- himster wippealtsjes komme sille. De foarsitter tinkt dat der net mear in skriftlike reaksje stjoerd is omt de brief al telefonysk beandere wie. Kontrôle fan frachtauto's liket dochs wol swierrich om't in protte frachtriders in algehiele ûntheffing

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 23