- 21 - De hear Terra seit dat syn fraksje it ek iens is mei de ferdielingslist Hy hat lykwols in hekel oan 'as'. In leechstânssituaasje kin op in doarp yn koarte tiid feroarje en dêrom liket it him ta dat it programma foar Warten sûnder betingsten útfierd wurde moat. Wethâlder Breeuwsma seit dat it wol it doel is om de wentebou yn Warten sa út te fieren as yn de ôfdieling tasein is. Fierder binne de tallen wenten tasein sa't dy yn it útstel oanjûn binne, ntl. 62 en 28. De ekstra wenten dy't tasein binne sitte yn de oergong fan '86 nei '87. Yn de rin fan augustus sil definityf besletten wurde foar hokker jier dy jilde sille, mar heechstwarskynlik sil dat wol 1986 wurde. Oer it bouwen fan oanpaste wennings yn de doarpen seit sprekker dat dat net sa maklik is. It kolleezje hie sokke wenten wol foar ferskate plakken yn de holle, mar benammen de bejierdewennings komme ûnder oare noarmen te fallen. Yn de Qnderhannelingen mei de wenningbouferiening is dit in dreech punt. Sprekker wol dizze opmerking lykwols meinimme en nochris mei de wenningbouferiening beprate. De hear Damsma is net gerest oer wat de wethâlder sein hat. Dy ûngerêstens is basearre op in kranteberjocht fan ferline wike. Der foarlopige ta- sizzings sille neffens dat berjocht op'e nij besjoen wurde. Ferline jier binne der 1832 wenningwetwenten tawiisd en it definitive tal is útkaam op 1577. Dat is 255 minder en dat sil wol werom te finen wêze yn de definitive tawizing dy't de gemeente noch net krigen hat. Hy hat der dêrom twifels oer oft de 36 wenten dy't by de twadde ferdieling dan tawiisd wurde soene noch wol troch gean sille. Sprekker freget dan ek oft de ferdieling op'e nij besjoen wurde kin as de offisjele tawizing binnen is en bliken docht dat der in oar tal wenten beskikber steld wurdt Fierder freget sprekker him noch of oft foar de 7 wenten yn Raard al de grün oankocht is; oft der al in bestimmingsplan klear is en wannear't der ta útfiering oergien wurde kin. Mevrouw Aukes vraagt zich af op welke manier de wethouder dit zal meenemen Zij denkt dat het nodig is om de woningbouwvereniging van de noodzaak van dit soort woningen te overtuigenen hen over de bezwaren tegen de normen heen te helpen. Wethâlder Breeuwsma seit dat dat kranteberjocht him ek bekend is en ek de H.I.D. hie hjir al ynljochtings oer jûn. Lykwols is dat net in reden om pessimistysk oer de tawizing te wezen. Docht bliken dat der dochs minder wenten komme, dan sil dat fansels yn de ôfdieling bepraat wurde. Wat de wenningen yn Raard oanbelanget is der oerlis oer de oankeap fan de grün. Fierder sil it bestimmingsplan op'e nij besjoen wurde, om't it besteande plan opsteld is yn in tiid dat men tocht dat it in soad li je koe. It sil wol sa wurde dat it selde tal huzen op de helte fan de grün boud wurde moat. Dit komt fansels wer yn de ried eardat der ta aksje oergien wurdt. Leafst sa gau mooglik. Wat mefrou Aukes freget, is om de saak by de wenningbouferiening te bepleitsjen. Dat fynt sprekker wat te fier gean. Dan soe hy in útstel oernimme sûnder de konsekwinsjes te oersjen. Hy wol wol graach nochris goed besjen wat it krekt ynhâldt. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 19. Voorstel tot het nemen van een beslissing op het beroepschrift van de heer H.W. Schuurmans te Warga tegen de weigering van een bouwvergunning De hear Bethlehem seit dat it foar de famylje Schuurmans in ferfelende saak wurdt om oan in boufergunning te kommen. Hja hawwe foar de twadde

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 25