- 23 - De hear Bethlehem seit dat de wethâlder noch gjin andert jön hat op de fraach om moarn fuort dy boufergunning of te jaan. Hy tinkt fierder dat de ried alle oanfragen om in boufergunning apart besjocht. Hjir mei net de konklúzje oan ferbün wurde dat men troch dizze fergunning ek automatysk in fergunning kriget as men mar wat skiep op in stik je lân hat. De hear De Wolf is fan betinken dat der foar dat plak wol in bestimmings- plan jildt, al kin dat doedestiids dan 'uitbreidingsplan' neamd wêze. Op grûn dêrfan moat fergunning ferliend wurde en sprekker is fan betinken dat dat dan ek barre moat Wethâlder Breeuwsma seit dat by oare oanfragen deselde proseduere folge wurde moat. Men kin fierder de boargers net ûngelyk behannelje. Foar dit gebiet is it sa dat der noch gjin bestimmingsplan bûtengebiet is en dat moat der einst sa gau mooglik komme. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming het voorstel van de heer De Wolf om aan de heer Schuurmans wel een bouwvergunning te verlenen, aangenomen met de aantekening dat de heren Breeuwsma, Van Gorkum en Poppen tegen dit voorstel zijn. 20. Voorstel tot garantieverlening inzake renovatie van woningwetwoningen. De hear Nieuwdam wol de wentebouferiening út namme fan syn fraksje in komplimint jaan oer dit inisjatyf om dizze goedkeapere huzen te renovearjen. It is goed dat dizze huzen yn stân bliuwe. Mei de bewenners fan de huzen sil oerlis komme. De belangen fan de bewenners en fan de wenningbouferiening moatte yn goede harmonije besprutsen wurde. Hy wol de wethâlder freegje oft de ried ek ynformaasje krije kin oer de wize wêrop dit fierder ferrûn is. De hear Damsma is it ek iens mei it útstelHy fynt it in moaie ynjeksje yn de wurkgelegenheid yn dizze omkriten. Wethâlder Breeuwsma anderet dat as der ynformaasje is dat dy ek oan de riedsleden jûn wurde sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 21. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het treffen van verkeersregulerende maatregelen in en nabij de Oostergoostraat. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje der wol foar is om de bocht yn de Oostergoostrjitte by de Swanneblom, te feroarjen. Oer de minirotondes hat sprekker syn twifels. Benammen no't fan de twa noch mar ien oerbleaun isfreget hy him of oft de saakkundigens by it betinken fan dizze maatregel wol sa grut west hat. Neffens syn ynfor maasje wurdt der mei it oanbringen fan in minirotonde fan in gefaarlik punt in libbensgefaarlik punt makke. Dat moat net trochgean. It is better om "ynkoarten hjir nochris oer te praten om te sjen wat der fierder noch dien wurde kin oan it feiliger meitsjen fan de Oostergoostrjitte Derby tinkt sprekker oan fisuele oanpasings. Fierder bringt hy nochris it oanlûken fan in saakundige op ferkearsmêd nei foaren. By alle plannen oer ferkearsmaatregels blykt oan't no ta dat de saken net goed Onderhoud binne en dochs wer ûnderút helle wurde Mevrouw Aukes zegt dat er in de afdeling ook al uitvoerig over deze plannen gesproken is. Zij is tegen het aanbrengen van minirotondes omdat

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 27