- 24 - daarmee gevaarlijke situaties gecreëerd worden. Zij is dan ook blij met het bericht van de voorzitter van de afdeling dat één minirotonde komt te vervallen, maar zij vraagt zich af of de andere dan wel aangebracht moet worden. In dezen wil zij het college het voordeel van de twijfel geven. Wel vraagt zij zich af of er overleg geweest is met deskundigen over deze materie. Volgens haar is eerst gesteld dat de functie van de weg vastgelegd moest worden en dat aan de hand daarvan de maatregelen getroffen zouden moeten worden. Daarbij zou men kunnen denken aan mini- rotondes, verhoging van een kruisingsvlak e.d. Spreekster heeft de indruk dat deze maatregelen voorgelegd worden met het idee dat er dan toch wat gebeurt en dat dan voorlopig niet meer over deze situatie gepraat hoeft te worden. De herinrichting van het terrein voor de supermarkt lijkt spreekster wel een goed idee. Ook het aanpassen van de bocht zal een snelheid afremmende werking hebben. De hear Bouma seit dat it yn dit útstel giet om in dykdêr't 17 sydstrjitten op út komme en dy't as Qntslutingsdyk fungearret foar in grut part fan Grou. Sprekker is bliid dat it einlik sa fier is dat der oer de maatregels foar dizze strjitte praat wurde kin. Hy is ek bliid dat de F.N.P. der oer prate wol sûnder de algehiele Grouster situaasje te besjen. It liket him better dat de V.V.D. tsjin de maatregels is en net de maatregels earst as gefaarlik beskriuwt en dan dochs it foardiel fan de twifel jout. Hja kinne dan better útstelle om yn de beboude kûm in kearlus oan te lizzen. Sprekker fynt it oanpassen fan de bocht by de Swanneblom in hiele goede maatregel om't dêrmei in feiliger rûte kreeard wurdt foar in protte skoal- bern. Fierder moat dêr wol dúdlik makke wurde, dat de Swanneblom in útrit is op de Oostergoostrjitte.lt idee oer de minirotondes is troch de wurkgroep Ferkearsfeiligens net samar foarlein. Der is wier wol mei de funksje fan de dyk yn it omtinken besjoen hokker maatregels troffen wurde koene. Fan de minirotondes is sein dat dy op grun fan sifers út oare situaasjes yn it lân, wolris in goede oplossing foar dizze situaasje wêze kinne. Wol is hy der bliid om dat it kolleezje foarearst foar ien rotonde keazen hat, om't it dochs in obstakel is. Ek it plak liket him goed. De ferkearsfeiligens yn dizze strjitte sil troch de maatregels befoardere wurde, mar der sil nei alle gedachten dochs mear dien wurde moatte. De wurkgroep foar de ferkearsfeiligens yn Grou sil nei it troch- fieren fan dizze maatregels net opheven wurde. De oanpassing fan it foarterrein fan de supermerk is in hiele goede saak. Troch dizze maat regels meiïnoar sil in oanset jûn wurde om de ferkearsfeiligens foar alle weigebrûkers yn de Oostergoostrjitte te ferheegjen. De hear Terra seit dat syn fraksje wol mei dit útstel ynstimme kin. De foarsitter seit dat it kolleezje net twifelet oan de útwurking fan de minirotondes, mar de leden fan de ôfdieling wol. Dêrom is der foar keazen om ien oan te lizzen om te besjen hoe't dat yn de praktyk wurkje sil. Dit útstel is yn totaliteit in ferbettering foar de ferkearsfeiligens yn de Oostergoostr jitte en ek al kostet dat in protte jild, dat is wol needsaaklik. Feiligens giet foar alles, mar it kostet wol jild. De opmerking fan de hear Bouma oer de útrit fan de Swanneblom sil yn de plannen meinommen wurde. Op de saakkundige dy't foar Grou oanlutsen wurde moat neffens de hear Van der Baan, sil meikoarten werom kommen wurde. Hy hopet dat it foardiel fan de twifel by mefrou Aukes de troch- slach jaan sil om hjir mei yn te stimmen. Mevrouw Aukes zegt dat uit haar informatie blijkt dat aan de minirotondes een heel ander verhaal ten grondslag ligt. Aan die werkgroep is niet duidelijk gemaakt wat de functie van de weg dient te zijn, maar er is

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 28