- 26 - ek út om de iepeningstiden foarde brêge fan Wergea oan te passen oan de provinsjale regeling en ek foar de Sânsleat de provinsjale regeling jilde te litten: net iepen op snein, op wurkdagen iepen fan 19.00 - 21.00 op ôfrop en sneons oant 20.00 oere. De hear Terra fynt dat in ferromming fan de iepeningstiden benammen foar de Sânsleat op snein in goed ding is foar de wetterrekreaas je Hy fynt dit idee wol in komplimint wurdich. De hear Bouma seit dat it útstel fan de hear Van der Baan nochal wat kosten meibringt. Fierder is it útstel foar de Sânsleat in goed útstel om't op dizze wize goed ynspile wurdt op de situaasje dêr. De foarsitter anderet dat de ôfwiking fan de regeling fan de provinsje foar de Heresylbrêge komt troch it feit dat buten de fakânsjetiid der einst alle dagen mar ien boatsje troch komt en it liket him net fer- antwurde om dêr in brêge foar iepen te halden. De feroaring fan de iepeningstiden foar de Wergeaster brêge is yn oerienstimming gien mei pleatslik belang. It is mear in ferskowen fan de iepeningstiden as in besuniging. Fierder sil de brêge oer de Sânsleat bûten it fakânsje- skoft sneins trije oerkes iepen wêze. Dat wie finansjeel mooglik om't de jûnsiepenstelling in oere koarter wurdt en om't de Heresylbrêge buten it simmerskoft ticht is. De hear Van der Baan is der dochs foar om de iepeningstiden foar alle brêgen oan de provinsjale regeling oan te passen. Dat hâldt yn dat as men dan yn Fryslân fart, dat men ek krekt wit wannear't de brêgen iepen binne en dat men net by eltse brêge yn de boeken hoecht te sjen oft men der wol troch kin. De hear Terra is it wat de Sânsleat oanbelanget net iens mei de hear Van der Baan. Ek fanút de rekreative sektor is frege om sa'n soarte regeling. It is foar alle rekreative bedriuwichheid yn it gebiet fan Terherne fan belang dat hjir net fêst halden wurdt oan te strakke rigels. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten met de aantekening dat als in het voorstel een verkeerde openingstijd van de provincie staat aangegeven voor de Sânsleat (open tot 20.00 uur) dat dit dan opnieuw voorgelegd zal worden. 25. Voorstel tot het aangaan van een overeenkomst tot compromis. De hear Van der Baan tinkt dat it goed is dat it kolleezje de oankeap fan it bedriuw fan de hear Tasma nochris besjocht. Past it noch wol yn dizze tiid? Is der sa'n ferlet fan om dat bedriuw dêr wei te krijen? Sa'n oername kostet nochal wat en de gemeente stiet finansjeel sjoen der dochs net sa bést foar. Net allinnich keapet de gemeente it bedriuw oan, mar ek moat der dan soarge wurde foar nije lisplakken, mei alle swierrichheden dy't dat jaan sil. Ek sille dan de partikuliere skiphuzen der wei moatte dy't efter it bedriuw fan Tasma steane. Al mei al liket it sprekker better om dit net te dwaan, mar dit nochris te hifkjen. Mevrouw Aukes is het niet met de heer Van der Baan eens. Over de aankoop van dat bedrijf wordt al ongeveer acht jaar gesproken en de heer Tasma moet toch eens weten waar hij aan toe is. Het is nu niet meer mogelijk om te zeggen dat de aankoop nogmaals overwogen moet worden. Verder vraagt spreekster of de voorzitter in het kort precies kan zeggen wat de bedoeling van het voorstel is. Alle kanttekeningen die erbij geplaatst zijn maken het niet gemakkelijk om er precies uit te halen wat het college wil.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 30