- 27 - De hear De Wolf freget wat der barre sil mei de oare hierders dy't der sitte. Fierder freget hy him of wat der barre sil mei de skiphuzen dy't yn wetter stean dat eigendom is fan de Domeinen. Troch de hierder binne grutte ynfestearrings dien yn syn bedriuw, mar sprekker kin by alle stikken dy't der binne net in rjocht fan opstal fine. It is dochs wol gebrûk dat soks oerien kommen wurdt as it giet om in bedriuw dêr't in protte yn ynfestearre wurdt. Hy freget him of hoe't dat yninoar sit. De hear Bouma seit dat it hjir om in tige drege matearje giet. It liket him ta dat allinnich al út polityk/bestjoerlik fatsoen sa'n oerienkomst ta kompromis oangien wurde moat. De foarsitter seit dat it kolleezje de suggestje van de hear Van der Baan net oernimme kin om't it hjir om in saak giet dy't al hiel lang spilet. Der leit in bestimmingsplan, der binne riedsútspraken fan in eardere ried en fan út dy situaasje is it tige dreech om no te sizzen dat men dit dan nochris oerwege silwêrby de kans dan grut is dat men sizze sil dat it net troch giet. It is net altyd like maklik om in bestim mingsplan út te fieren. Dat mei lykwols net in reden wêze om te sizzen dat men dan de útfiering mar oan de kant skoot. It giet yn dizze oerienkomst om it bedrach dat fêstlein wurdt. De hichte dêrfan sil troch beide partijen oanfurde wurde. It hâldt fierder net yn dat de gemeente dêrmei ek ferplichte is de oankeap fuort út te fieren. It liket miskien wat nuver, mar dat is dochs op deselde line, sa't dy yn eardere petearen útset is. Oangeande de oare hierders dyt der in skiphus hawwe is noch net bekend wat dêrmei barre sil. Oer it rjocht fan opstal is sprekker neat bekend. Dêr stiet ek neat oer yn de stikken. Mevrouw Aukes begrijpt uit de woorden van de voorzitter dat alleen de hoogte van het bedrag wordt bepaald en dat de raad bij het bekend worden daarvan alsnog de beslissing kan nemen om het bedrijf niet aan te kopen. Zij vraagt zich af wat er in dat geval moet gebeuren. Moet het bestemmings plan dan veranderd worden? De hear Van der Baan seit dat hy mei syn útstel kaam is om't hy fan betinken is dat der mei de hear Tasma wol oare oplossings te bepraten binne. Der binne yn it ferline fansels ófspraken makke en der binne ferwachtings oproppen, mar it liket him dochs goed om earst ris te besjen hokker iepeningen der noch binne. De hear De Wolf heart út de wurden fan de foarsitter dat de ried him net bynt mar dat as it bedrach te heech útfalt der dochs noch sein wurde kin dat de oankeap net troch giet. Hy fynt dat in nuver soarte fan romt- like oardering. It meitsjen of wizigjen fan in bestimmingsplan kin wolris dreech wêze en kin ek wolris jild kostje, mar dat moat besjoen wurde ear't sa'n plan fêststeld wurdt. It liket him ta dat de iennige goede wei is fuort sizze dat it bedriuw fan Tasma oankocht wurde sil foar it bedrach dat troch de kommisje fêststeld wurde sil. In oare mooglik- heid, mar dy't neffens sprekker net goed is, is it bestimmingsplan ope nij besjen en sa feroarje dat Tasma de mooglikheid kriget om syn bedriuw op in goede wize te ferkeapjen. De foarsitter seit dat it op grun fan de akte sa is, dat as de ried beslút om it bedriuw net foar it fêststelde bedrach te keapjen, dat dan it bestimmingsplan feroare wurde moat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 31